Thús | Toaniel as hobby  | Ienakters  | Jûnfoljende stikken  | Lêste Nijs  | Saaklik  | Links  | Stikken dy`t ik regissearre ha  | Gasteboek

Achte lêzer, op dizze side wol ik jo útlizze hoe’t ik ta it oersetten fan toanielstikken kommen bin. Mar earst dit: myn namme is Gurbe Dijkstra, ik bin berne yn Hitsum, gemeente Frjentsjerteradiel, op 21 juny 1946, as earste fan in twilling en as sechsde bern yn de húshâlding.
Doe 't ik sawat oardel jier âld wie ferhuzen wy nei Tsjom, oan it binnenpaad nei de Lollumerdyk, Holpryp, dêr ha we fyftjin jier wenne en dêr ha ik dus ek myn jeugd trochbrocht.
Hjir wie it ek dat ik mei toaniel yn oanrekking kaam. Ik waard op myn tolfde lid fan de kristlike knapenferiening yn Tsjom. Alle jierren waard der in toanieljûn holden yn de tsjerke. Hjirfoar studearren wy ien of twa ienakters yn. Dit diene wy by de lieder thús, of ek wol yn it lokaal der 't wy ús gearkomsten holden, in gebou achter de tsjerke. We sieten dan gewoan op de stoel en liezen de tekst foar út it boekje en letter diene we dit út de holle. Ik wit noch wol dat ik yn dy tiid it hiele boekje út de kop koe, at der ien fan de oaren syn tekst net mear wist, dan koe ik it sa foarsizze. Sa ek op de jûn fan de útfiering.
Oan mies en sêne diene we neat, dat koe ek net want der waard net op it toaniel oefene. Dat moast him allegear mar wat rêde, en dat die it ek wol.
It earste stikje dêr 't ik yn meispile gong oer de ruilferkaveling, ik wit it noch skoan. "Potjesdam op stelten" hiet it. We moasten allegear in piip roke en waarden ek prompt allegear mislik, de iene nei de oare fleach nei bûten om te spuien. En at we dan wer op toaniel wiene gong it gewoan wer fierder.
Yn 1963 ferhuzen wy nei St. Jabik en doe ha ik jierren neat oan toaniel dien. Oant ik ferkearing krige mei in famke dat toanielspile, en doe kaam it by my ek wer boppe driuwen. Dêrnei ha 'k it firus noait wer kwyt west.
Nei 't ik begjin santiger jierren nei Rie ferhuze en as lid fan Willem van Haren yn ferskillende stikken op de planken stie, kaam der yn de jierren tachtich in feroaring. Ús regisseur wie ferstoarn en ien fan de âldste leden fan de feriening waard oanwiisd as de nije regisseur.
Omdat der yn dy tiid ek al wat oan oplieding fan regisseurs dien waard, waard besletten om de nije regisseur in kursus folgje te litten. De regisseur hie allinne gjin rydbewiis en sa koe it komme dat ik meigong as sjauffeur. Ik koe sa moai tagelyk de lessen ek folgje en in bulte dingen opstekke dy 't ik letter by it spyljen wer brûke koe, teminsten dat wie myn doel.
Mar al rillegau waard ik frege troch minsken út Arum, dy 't ek op deselde kursus sieten, om yn Arum te kommen as regisseur. Earst woe 'k it net, mar nei noch in kear freegjen fan de kant fan Arum ha ik it doch oannommen. De kursus wie yntiid dien en it earstkommende winterskoft gong ik as regisseur nei Arum. It earste stik wat ik regissearre wie: "Mei skeane eagen". Se wiene wakker tefreden yn Arum en sa koe it komme dat ik dêr seis jier bliuwde. Yntusken hie ik my ek opjûn foar de lange trijejierrige rezjykursus yn Ljouwert.

It folgjen fan de rezjykursus hat ien fan de moaiste skoften út myn toaniellibben west. In prachtige tiid ha ik dêr hân. Allegear fijne minsken om mei te wurkjen, in hearlike ploech. Under lieding fan Feiko Feytes, Jaap de Knegt, Hilde Mulder, Bouke Oldenhof en ek noch oaren waard ús leard hoe’t wy in analyze fan in toanielstik meitsje koene. Nei in staazjerezjy krigen wy yn 1986 it sertifikaat. Mar ik woe noch fierder. Yntusken wie it ramt fan dizze rezjykursus goedkard troch de minister en koene wy troch it folgjen fan in applikaasjekursus in troch de minister erkend sertifikaat helje. Ik ha earst noch in dramaturgykursus folge en doe ha ik my opjûn foar de applikaasjekursus. In spannende tiid, want om dit sertifikaat te heljen moast der wol wat gebeure. Myn staazje, sis mar eksamen ha ik dien by OKK yn Marsum, en doe koe ik it briefke dat ik sa graach ha woe yn de bûse stekke. Mar it wie noch net genôch seker, want in jier letter ha ik my opjûn foar de oersetkursus fan it FCAA. Allinne wie der ien probleem: de lessen wiene op woansdeitemoarn en dan moast ik wurkje.... Mar troch de goede wil fan myn wurkjouwer en it opnimmen fan heale frije dagen koe ik de kursus doch folgje. Twa jier lang ha ik by Bouke Oldenhof en Sibe Krol op kursus west, ik woe leare, dat at ik yn in stik wat skrasse moast, hoe’t ik dat dan dwaan moast sûnder it stik te fernielen en fertrouwen dêryn opdwaan. Yn dy tiid ha ik der noch in kursus humor en kursus koarte stikjes skriuwe by folge, ek by Bouke Oldenhof.

Ik wie op de oersetkursus al oan it oersetten slein. We moasten mei lytse stikjes begjinne en dy dan fergelykje mei oare kursisten dy’t deselde stikjes oersetten hiene. Sa kamen wy dan ta de bêste oersetting. Doe kaam it safier dat we in hiele ienakter oersette mochten. Bouke hie in stik as wat útsocht dy’t wol gaadlik wiene neffens him. It earste stikje wat ik oersette wie: “Heden Christine” fan Thomas Verbogt. De STUFT woe it earst net ha omdat it neffens harren net goed oersetten wie, dat moast ik noch leare, wie it kommentaar. Letter ha se my frege at se it wol útjaan mochten.... Oare minsken oan it roer...

Yntusken wie ik ek gewoan trochgongen mei regissearjen. It spyljen wie wat op de achtergrûn rekke, mar ek dat ha ik wer oppakt. Yn in ienakter fan David Campton, “Rêstplak”, dy’t ik sels oersetten hie, ha ik ek meispile, ûnder de rezjy fan Froucke de Vries. We ha der sels noch mei nei It Hearrenfean west, nei it Provinsjaal Ienakter Festival dat doe noch holden waard. Spitich dat se dat no net mear dogge, it wie in moai Festival yn in moai teater.

Sa, no witte jo wol hast hoe’t ik ta it oersetten kommen bin. Ik fyn it noch hieltyd nijsgjirrich om dwaande te wêzen mei in tekst fan in skriuwer en dy dan yn de Fryske taal libje te litten. At ik it dan letter op toaniel sjoch, dan jout my dat in goed gefoel. Taal, ik bin der altyd mei dwaande...

 

 

 

 

Toaniel as hobby
Nim kontakt op mei my
E-mailadres: gurbe.dijkstra@ziggo.nl?subject=Toaniel
Copyright © 2009-2017 van de Rombade  * Alle rechten voorbehouden *  Webdesign en onderhoud Jol@nda Weijers