Thús | Toaniel as hobby  | Ienakters  | Jûnfoljende stikken  | Lêste Nijs  | Saaklik  | Links  | Stikken dy`t ik regissearre ha  | Gasteboek
Ienakters

 

Dizze ienakters ha ik oersetten yn de Fryske taal:

Fan Guy Bernaert:

 

1 Het Tweede Slachtoffer, as It Twadde Slachtoffer, 1 man 1 frou. (Stuft)

 

Koarte ynhâld: As Albert thúskomt fan syn wurk is er suver út 'e liken. Syn frou,

Els, besiket oan 'e weet te kommen wat him sa dwers sit, mar hy docht it ôf mei

te sizzen: "Swierrichheden op 'e saak." Sy tinkt lykwols dat der mear wêze moat

en nei lang oanhâlden fertelt er har dat er in jonge oanriden hat. Om't er in

buorrel dronken hie, is er trochriden en hat anonym it sikehûs belle.

Underwilens sit Els yn noed oer harren soan dy't net op tiid thús is foar it iten.

Sy seit dat se him in giele reinjas kocht hat om op 'e fyts better op te fallen. Mei

't se dit fertelt sjocht se Albert skrikken en dan heart se dat de oanriden jonge ek

in giele reinjas oan hie. As Els de plysje belje wol, keart Albert dit troch te

sizzen, dat hy dan it twadde slachtoffer wurde sil. Els wifket noch even, mar set

dan ôf nei 't sikehûs. As se krekt de doar út is skillet Frank, de soan, dat er in

lekke bân hat en net op tiid thús wêze kin.

 

Fan Rob Bognár:

 

2 De Afrekening, as Ofrekkenje, 2 froulju. (Stuft)

 

Koarte ynhâld: Twa froulju fan begjin 40, dy’t elkoar al hast harren hiele libben

kenne en tochten dat se freondinnen wiene, komme elkoar op ‘e nij tsjin. Beide

binne se by de man wei en hawwe bern. Se sjogge wol de oerienkomsten yn

harren beiden, mar in feit bliuwt dat se út in ferskillend miljeu komme. Joke is wurkster en Corien docht as is se har wurkjouwer. Wêr hâlde de gelikenissen op

en wêr binne de ferskillen net oer te sljochtsjen? Elk yn har eigen taal

konfrontearje se elkoar mei de foaroardielen fan de oare, oant de definitive

ôfrekkening folget. Mar wat is definityf?


Fan David Campton:

 

3 Resting Place, as Rêstplak, 1 man 1 frou. (Stuft)

 

Koarte ynhâld: In âlde man en syn frou ha boadskippen dien en nimme it

koartste paad nei hûs. Dat rint oer it tsjerkhôf en dêr bliuwe se in skoftsje sitten

te bekommen. Pratende wei komme se op har eigen libbensrin. It docht bliken

dat de frou mear fan it libben ferwachte hie en sy ferwyt har man dat hy it sitte

litten hat. Sy fergeliket him mei in Olivier, dy 't eartiids ek gading nei har

makke. Hy leit dêr net fier fan harren ôf mei syn frou. As der warskôge wurdt

dat de stekken fan it hôf sletten wurde sille, stappe se op. Thús sille se har te

gast dwaan oan in sâlte hjerring en in sterk bakje tee, dat is foar Olivier net mear weilein.


Fan Loek Elich:

 

4 De Brief, as De Brief, 2 froulju. (Stuft)

 

Koarte ynhâld: Twa freondinnen, Bea en Martha sille in dei nei Amsterdam.

Martha hat krekt te hearren krigen dat de man -in piloat mei wa't de seis jier

ferlyn in relaasje hie- en dêr't se doedestiids berjocht fan krige dat er mei syn fleanmasine ferûngelokke wie, noch libbet. Hja hie de deis foar it ûngelok noch

in brief fan him krige, hy skreau dat har relaasje in fersin wie, syn langstme gie

út nei in oaren, hoewol, de frou dy't er bedoelde wist dat sels noch net. Martha

tinkt dat er dêr Bea mei bedoelde. Der folget in muoisum petear tusken de beide froulju.


5 Grenzen, as Grinzen, 2 manlju 1 frou. (Stuft)

 

Koarte ynhâld: Op 'e repetysje fan in amateurklup binne allinne Anne en Ben.

De regisseur wol de frijsêne op 'e nij oefenje. Dêr moat mear gefoel yn. De man

fan Anne is jaloersk. Neffens de regisseur moatte de grinzen fan wat wol en net

kin ûntdutsen wurde. Ben blykt de measte muoite mei dizze spylwize te

hawwen. Lilk stapt er op. Om wa syn gefoelens en yllúzjes giet it hjir, dy fan 't

publyk, de spilers of fan 'e regisseur sels?
 

6 Stressbestendig, as Stressbestindich, 4 manlju 2 froulju of 2 manlju 4 froulju,

mar in oare kombinaasje kin ek. (Stuft)


Koarte ynhâld: Direkteur Houtman is ferskuorrend nijsgjirrich oft harren offerte NedGemy oanstiet, mar Wessels, it ôfdielingshaad kin him noch neat fertelle.

De nije ferkeaper De Graaf, is der foar 't earst allinne op út en it giet om 2,6

miljoen. Dan blykt der in faks te lizzen fan justerjûn, dat oaren better leverje

kinne. De Graaf is ta weismiten keard, Houtman hat nea witten wêrom't er

oansteld is en Wessels hie him daliks al sketten.... dy man moat mar wer

ôffloeie! Mar as De Graaf dan komt en fertelt wat in wurk as er hân hat om in tuskentiids telefoantsje fan Wessels (mei as gefolch dy faks) wer lyk te breidzjen

en doch ek noch de oarder te bemachtigjen, slacht Houtman om as in blêd oan 'e

beam en is Wessel de biten hûn.


Fan Rudy Geldhof:

 

7 De Geit, as De Geit, 1 man 1 frou. (Stuft)

 

Koarte ynhâld: Soldaat Bertje, dy 't krekt ôfswaaid is, docht as lêste kroech it

kafee fan Jeanne oan. Hy is aardich oansketten en docht Jeanne út 'e doeken dat

er syn mem hatet, syn mem, dy 't him in libbenlang sa oerhearske, dat er him

sels fakentiid fergelike mei in geit oan 't spit. Ek Jeanne hat har ferhaal,

swierrichheden yn saken, en langst nei de fleurige jonge betsjinners dy 't gjin

ferlet mear fan har ha. Stadichoan komme se tichter by elkoar en wurde it al hast

iens. As Bertje alles lykwols op in rychje set en troch swarte kofje better by syn

sûpe en stút komt, lit er it ôf witte. Hy is bang dat ek dizze frou him "opfrette"

sil en naait út.

Fan P. van Eijkeren en Theo Herrman:

 

8 Wij Zijn U Niet Vergeten, as Wy Bin Jo Net Fergetten, 3 manlju. http://www.frysketoanielkatalogus.tresoar.nl/

 

Koarte ynhâld: Vitaly Pomaz, in dichter fan achter it izeren gerdyn, is fiif jier

ferlyn al ris offisjeel warskôge troch de autoriteiten dat hy ophâlde moast mei it skriuwen fan gedichten dy't de steat gjin goed dogge. No is it wer sa fier dat hy

op it matsje roppen wurdt. Trije funksjonarissen ûnderfreegje him oer syn lêste aktiviteiten. Mar hy jout gjin krimp en kin even letter mei de holle omheech nei

hûs. Dit stik is yn 1988 mei in protte sukses opfierd op in toanielfestival yn

Tilburg. Fansels is der nei dy tiid in soad feroare wat de lannen achter it izeren

gerdyn oanbelanget. It is in, net maklike, mar wol nijsgjirrige ienakter, dy't sa

wol troch manlju as froulju spile wurde kin.

 

Fan Lieke de Groot:

 

9 Vals Alarm, as Falsk Alaarm, 2 manlju 2 froulju. (Stuft)

 

Koarte ynhâld: Pim, in jongfaam, wennet allinne en it is har jierdei, mar gjinien

is kaam om dat mei har te fieren want se hiene allegearre wat oars. As mem

bellet set se de muzyk lûd om in feestsfear op te roppen. Dan sil se op bêd, mar

as se noch efkes weromkomt yn 'e keamer is dêr in ynbrekker, dy't har de beurs

en it horloazje ôfnimt en freget nei in klok. As se besiket te ûntkommen,

bedriget er har mei in mes. Dan wurdt der belle en steane heit en mem op 'e

stoepe mei sjampanje. By eintsje beslút wurde se der ynlitten en wurdt de

ynbrekker foarsteld as de nije freon fan Pim.


Fan Jack Jacobs:

 

10 Karton, as Karton, 1 man 1 frou.

www.toneelcentrale.nl

 

Arie, in swalker, sliept yn in kartonnen doaze yn de boarterstún. Maus, in

skieden frou, rint der lâns mei har tas fol boadskippen. Se hâldt net fan swalkers

mar rekket doch mei Arie oan 'e praat. Se prate sels salang dat Maus Arie

útnoeget om by har thús de farske broadsjes, dy't se krekt by de bakker kocht

hat, op te iten. Allinne al omdat dizze ienakter net yn in 'gewoan' dekor spilet

soe eins al in reden wêze kinne om der ris mei oan 't wurk. Arie (30) en Maus

(50) binne beide gewoane minsken en dus net sa dreech om te spyljen.

 

11 Hanna, as Hannah, monolooch foar 1 man. (Stuft)

 

Koarte ynhâld: Dizze monolooch is skreaun foar in man. Hy sit thús te

wachtsjen oant er nei in ôfspraakje kin. Dat ôfspraakje hat er mei in frou, nei oanlieding fan in kontaktadvertinsje. De man hellet him dingen foar de geast fan eartiids. Oer de famkes dy’t er doe kennen hat en hoe’t it no mei dizze ferrinne

sil. Hy sels is noait troud west, mar hy fynt wol dat hy der no oan ta is. Hoe

ferrint de moeting tusken de frou en de man? Soene se by elkoar passe? Of...?

 

Fan Gertrude Jennings:

 

12 I’ll Pay Your Fare, as Ik Betelje De Reiskosten, 4 froulju. (Stuft)

 

Koarte ynhâld: Beppe wennet by har oerbeppesizzer Harry yn, mar har hâlden

en dragen is sadanich, dat Harry der útpiket en syn mem mei in brief dêrfan op 'e hichte bringt. Syn mem Ida beleit yn syn hûs in famyljeberie, wêryn't bepraat

wurde sil hoe't it no fierder moat mei beppe. Fansels wurdt de mooglikheid fan

in âldereinhûs oppere, mar beppe seit dat se dan fergif ynnimme sil... Harry syn

frou hâldt har wâl noch wat op en seit dat se besykje sil Harry sa te bepraten dat

er wer thús komt. Ida wol beppe perfoarst fuort ha en lit har sels ûntfalle dat sy

wol foar de reiskosten stean sil. En dan slacht beppe ta, sy wol nei Kaapstêd, nei

in oare beppesizzer. De deune Ida wol net op har tasizzing, dêr't tsjûgen by

wiene, werom komme. Beppe en Harry ha har der moai tusken. De hiele

alteraasje is op tou set om't beppe sa minlike graach har beppesizzer yn

Kaapstêd nochris sjen woe.

Fan Wim de Knegt:

 

13 Theezakjes, as Teepûdsjes, 1 man 1 frou. (Stuft)

 

Koarte ynhâld: Lisa is by in kuierke troch it park oanriden troch in bromfytser

en moat no yn in rolstoel omkruse. Hans moat boadskipje en kriget as er thús

komt alderhande smeulske praatsjes en ferwiten. As hy dan ek noch de moed hat

te opperjen dat teepûdsjes ynstee fan losse tee faaks wol noflik wêze soene,

binne de rapen hielendal gear. Fan alles wurdt him ferwiten, mar it draait der op

út dat hy ferge wurdt op in folsleine ferklearring: as hy it goed dien hie, hie er

Lisa noch wol warskôgje kinnen en har foar de brommer wei lûke kinnen. As

dat der út wrongen is, giet it pear wer oer ta de oarder fan de dei en besaut har

oer it maartske hâlden en dragen fan de boarre fan de konsjerzje.

Fan Fred Muylaert:

 

14 Minder Dan Een Hond?, as Minder As In Hûn?, 2 manlju 1 frou. (Stuft)

 

Koarte ynhâld: Paul Radelaar, learaar oan de akademy, hat blaaskanker. De

dokter en húsfreon Hugo Moens seit dat in operaasje needsaaklik is, de blaas

moat der út. Mar Paul wol dit net, hy wol net mei in sekje op it liif troch it

libben. Earst liket it goed te gean en Paul giet wer oan 't wurk. Mar samar

ynienen slacht de tumor ta en is it libben fan Paul net mear te rêden. Syn frou

Ria helpt him út it lijen. In ienakter mei in tema fan dizze tiid, kanker en

eutanasy. Yn in stik as wat sênes wurdt beskreaun hoe't de pasjint, syn frou en

ek dokter, allegear op harren eigen wize, mei de sykte fan Paul omgean. In

útdaging foar in ploech mei trije goeie spilers. Ek de man fan de beljochting sil

der mei nocht oan wurkje.

15 Op Uw Gezondheid, as Op Jo Sûnens, 2 manlju. (Stuft)

 

Koarte ynhâld: Stefan en Theo moetsje inoar op in bank yn it park. Stefan is in beskaafd yntellektueel persoan, dy't folslein oerstjoer is troch de dea fan syn

frou. Hjirtroch is er yn it petear mei Theo faak ôfwêzich en se prate by tiden

glêd by inoar lâns. Theo is in ienfâldich man, rûch yn klaaiïng en taal. Botte

ferstannich is er net; syn praat roait by tiden kant noch wâl. Doch hat er ek in

grut fertriet. De drank út 'e flesse fan Theo makket de tongen los. De manlju

fertelle elk harren eigen tryste ferhaal. Doch rinne de karakters te fier út inoar

om inoar helpe te kinnen.

Fan Berry van Oudheusden:

 

16 Proletenverdriet, as Proletefertriet, 1 man.(monolooch)

http://www.frysketoanielkatalogus.tresoar.nl/

 

Koarte ynhâld: In oan de drank fersleine skriuwer, dy't sa't it him oansjen lit mei

de lêste oeren fan syn libben oan de gong is, eidet syn libben noch ris oer, en dêr

mei komt foaral de relaasje mei syn heit nei foaren. Foar in man dy't ris in kear

allinne spylje wol in útdaging. It is net maklik, mar wol de muoite wurdich.


Fan John Patrick:

 

17 Liefde Op De Zesde Verdieping, as Leafde Op De Seisde Ferdjipping, 2

manlju 1 frou. (Stuft)

 

Koarte ynhâld: In klassike trijehoeksferhâlding: wylst har man net thús wie, hat

syn frou mei in freon op bêd west. As de man ûnferwachts thúskomt, moat der

foar soarge wurde dat de beide manlju inoar net tsjin 't liif rinne. Mei wat

ferlechjes, weikrûpboarterijkes en ymprovisaasje slagget dat aardich. De brike situaasjes dy't sadwaande ûntsteane, hâlde de fleur der wol yn.

 

Fan Lydia Rood:

 

18 Doetje, as Tutte, 1 man 2 froulju. (Stuft)

 

Koarte ynhâld: Tutte is de dochter dêr't alles om draait; sintraal op it toaniel leit

se op bêd, mem oan de iene, heit oan de oare kant dernjonken. By 't begjin liket

it oft Tutte deasiik is en oer har hinne begjinne heit en mem inoar ferwiten te

meitsjen en te tsieren oer hoe ferkeard as de oare mei it famke omgong is. Elk

hat yn har it ideale bern sjoen om mei te pronkjen, itsij as musikalstjêr, itsij as fuotbalster. Wat harren dochter sels wol, liuwetemster wurde, wolle beide âlden

gjin praat fan hearre. As se der fan oertsjûge binne dat Tutte stoarn is, dan noch kreauwe har âlden en dan, ynienen, is 't of stiet harren dochter op út 'e dea en

dan begjint de striid om de macht op 'e nij, mar dan wol yn in omkearde

situaasje: Tutte nimt it heft sels yn hannen.

Fan Ans Schilders:

 

19 Zusterschap, as Susters, 2 froulju. (Stuft)

 

Koarte ynhâld: Lieke is siik en wurdt fersoarge troch har tsien jier âldere suster.

Yn it libben fan beide susters hat de man Simon in grutte rol spile. Yn de

ferhâlding tusken de susters komt hieltyd mear âld sear ta utering en dat fiert de spanning op. Dizze ienakter sil de minsken grif yn 'e besnijing hâlde, benammen

om ‘t der genôch aksje yn sit. Technysk sitte der gjin swierrichheden yn.

 

Fan Pieter Dirk Sikkema:

 

20 Nee, Jij Bent Vrolijk!, as Nee, Do Bist Fleurich!, foar jongerein, 1 jonge, 2

famkes. (Stuft)

 

Koarte ynhâld: Esther en Lisa, twa freondinnen út in freoneploechje, binne beide

mar wat lilk dat Martin, in jonge út datselde freoneploechje, net nei de reuny

kommen is dy’t sy organisearre hawwe. Martin hat súkses, hy spilet yn in

soapsearje op televyzje en sjocht eins net mear nei syn freonen om. As de reuny

al ôfrûn is en de famkes oan ‘t skjinmeitsjen binne, komt Martin noch even del.

De famkes litte Martin blike dat se it net mei syn hâlden en dragen iens binne en

nei dat Martin dat allegear oanheard hat, jout er ta dat er it net goed dien hat en belooft betterskip.


Fan Peter van Straten:

 

21 Een Lichte Lunch, as In Lichte Lunch, 1 man 2 froulju. (Stuft)

 

Koarte ynhâld: Suzan en Jenny, twa susters, sille tegearre wat ite yn in

restaurant. Yn it earstoan is it petear och sa oerflakkich, de kar fan de ûnderskate soarten iten en drinken liket it wichtichste te wêzen. Stadichoan kriget it praat

mear djipgong. De susters tinke wakker ûngelyk oer de situaasje thús, doe't

harren heit noch libbe. De iene hat him altyd idealisearre, de oare sjocht him

mear as in smjunt, dy't sûpte en mei oare froulju omsloech. Dit praten oer thús

bringt tusken de beide spanningen, mar se skaaie út nei harren heit, want as se opstappe binne se aardich oansketten en is harren grutste soarch, dat foar de bûtenwrâld ferburgen te hâlden.

22 Welwezen, as Wolwêzen, 2 manlju 1 frou. (Stuft)

 

Koarte ynhâld: Dizze ienakter kin sjoen wurde as in satire op it funksjonearjen

fan de hjoeddeiske maatskiplike helpferliening. Herman wol lokkich wurde en is

fan betinken, dat er it resept dêrta sûnder swierrichheden by Gerard helje kin.

Herman syn klachten passe lykwols net yn it ramt fan de burokratyske opfettings

fan helpferliener Gerard en syn assistinte.

 

Fan Jean Lenox Toddie:

 

23 A Scent Of Honeysuckle, as In Rook Fan Kamperfoelje, 3 froulju. (Stuft)

 

Koarte ynhâld: Jessie is âld en kin eins net mear op harsels wenje. It hûs dêr’t se

yn wennet is âld, it dak lekt en wat al net mear. Har dochter Kate komt dan ek

om har op te heljen, Jessie sil by har ynwenje. De koffer stiet al klear en Kate

moat noch in pear dinkjes ynpakke, dan kin it heve. Mar Jessie wol net. “Ik sit

hjir goed”, seit se, en ”ik wol hjir net wei”. Jessie hat ek fisioenen, se praat no en

dan mei har ferstoarne mem. Dy mem komt liiflik op it toaniel, Jessie sjocht har

wol en praat ek mei har, mar Kate kin har net sjen en ek net mei har prate.

Uteinlik giet Jessie net mei, want at har dochter even fuort is om benzine te

tanken, stjert se yn de stoel.

 

Fan Thomas Verbogt:

 

24 Heden Christina, as Hjoed Kristine, 1man 2 froulju. (Stuft)

 

Koarte ynhâld: Kristine en har freon Filip meitsje har yn harren flat ree om de

jierdei fan Kristine te fieren. Se hawwe der noed mei, dat Kristines âldelju aanst

ek komme en harren stimpel op it feest drukke sille. Der hinget al yn 't foar in benearjende sfear oer de besite. Oarsaak is dat dit Kristine har lêste jierdei is en

dat mem dêr perfoarst oer prate wol en Kristine net. Hjir komt by dat Kristine yn

har libben folle mear begryp fûn hat by har heit as by har mem, mar heit begjint stadichoan demint te wurden. Fansels komt it ta in konfrontaasje, mar mem

begjint wat te begripen en te akseptearjen fan Kristine’s wize fan ôfskie nimmen

fan it libben. Foar't se fuortgeane, dûnset Kristine noch ien kear mei heit.

Fan Klaas H. De Vries:

 

25 De Vaas, as De Faas, 2 manlju 2 froulju. http://www.frysketoanielkatalogus.tresoar.nl/

 

Koarte ynhâld: Yn dit stik sitte der fjouwer minsken op de trein te wachtsjen.

Alteast, dêr hawwe se it oer en njonken harren stuollen steane in pear koffers

klear. Mar jo soene likegoed sizze kinne dat se yn it park, of yn de wachtkeamer

fan in psychiater of sokssawat sitte. Of dat it fjouwer akteurs op in toaniel binne,

dy't boartsje mei dialogen en mei rollen. Op in bepaald stuit hawwe se sels yn 'e

gaten dat der, yn de seal, noch oare minsken nei harren sitte te sjen. De petearen spatte alle kanten út. By eintsje beslút lykje it twa steltsjes te wêzen, mar doch

geane de twa manlju in oare kant op as de froulju. In eksperiminteel, frij

humoristysk toanielstikje dêr't fan alles fan te meitsjen is. Wêr 't oer giet is eins

net sa maklik te sizzen. Men soe sizze kinne: oer minsken dy't hieltyd by elkoar

lâns prate; oer minsken dy't tsjinoer oaren in rol spylje moatte; oer deistich praat

dat ris flink troch inoar skodde wurdt.

 

Fan Christa Warmerdam,

 

26 De Kring, as De Kring, tragikomeedzje, 2 manlju, 2 froulju.

www.toneelcentrale.nl

 

Koarte ynhâld: Fjouwer freonen komme elkoar nei fiif en tweintich jier wer

tsjin. Froeger foarmen se mei in stel oaren “De Kring”, in genoatskip fan klassegenoaten, ferbûn troch in die fan moed. De reuny fan de middelbere

skoalle liket yn earsten gewoan te ferrinnen. Der wurdt opskept en praat oer

froeger. Mar wêr is Harry? Is moed oermoed wurden? Harry is ferûngelokke en

wa of wat dêr de skuld fan wie wurdt stadichoan dúdlik.

 

Fan Youp van ‘t Hek,

 

27 Hexen, as {H}eksen, 2 froulju

 

Koarte ynhâld: Twa froulju op in hotelkeamer. Beide earder troud west mei

Erik, dy’t hjoed wer trout en hy hat beide eksen frege om der by te wêzen. De

froulju ha ôfpraat dat se in stikje dwaan sille, dat stikje giet fansels oer Erik en

syn nije flam. Dat repetearje se no en se hawwe it der tagelyk oer hoe’t it leven

mei Erik wie doe’t se noch mei him troud wiene. Ien fan de beide froulju hat ek

noch in ferrassing, dat makket dat de útkomst wol hiel oars wurdt as dat earst

tocht wurdt.

 

Copyright © 2009-2017 van de Rombade  * Alle rechten voorbehouden *  Webdesign en onderhoud Jol@nda Weijers