Thús | Toaniel as hobby  | Ienakters  | Jûnfoljende stikken  | Lêste Nijs  | Saaklik  | Links  | Stikken dy`t ik regissearre ha  | Gasteboek
Jûnfoljende stikken

Dizze jûnfoljende stikken ha ik oersetten yn de Fryske taal:

 

Fan Pol Anrys:

 

01 De kat in de kelder, as De kat yn de kelder, 4 manlju, 5 froulju, kin ek wiksele wurde. www.stuft.nl

 

Koarte ynhâld: Majoar Evarist Tanghe lit, alhiel tsjin it sin fan syn ‘soere’ suster Serafine, it kânsearme gesin De Kat tydlik yn de kelder fan syn hearehûs wenje, dy’t wachtsje op it tawizen fan in sosjale hierwenning. De húshâlding bestiet út heit Feliks, mem Sylvia, dochter Kim en beppe Madeleine. Ynearsten hat de famylje De Kat neat mei de kelder, mar dat slacht al rillegau om at se der achter komme dat se neist de bank komme te wenjen. Feliks sjocht de kâns op de ‘jackpot’ wol sitten en hy beslút fan út de kelder in tunnel nei de bank te graven. It wurdt uteraard in nuodlike ûndernimming, omdat se de tunnel grave moatte sûnder dat de Majoar of syn suster dit merke. Wêr moatte se bygelyks mei de modder hinne dy’t by it graven frijkomt? Hoe ferbergje se de yngong fan de tunnel at se besite krije? Hoe maskearje se de herje dy’t de drilboar makket? Uteraard levert dit hilaryske situaasjes op, ek al omdat blykt dat beppe sa no en dan ferrassend út de hoeke komt. Kim wurdt fereale op Sven, dy’t te pas en te ûnpas yn de kelder opdûkt. Kim liket de Majoar gâns op te winen, Serafine siket om de kat dy’t samar weiwurden is, en der komt in drumstel oan te pas om de herje fan de drilboar te oerstimmen. Uteinlik lykje se te slagjen yn de opset. Dan fynt Serafine de tunnel en de deade kat en se moatte har opslute. Madeleine lit it leven yn de kelder en dan sitte se dus ek noch mei in lyk dat se nergens kwyt kinne. En wat at Sven twivelt tusken syn leafde foar Kim en it rjochte paad? De Majoar blykt úteinlik mei in grutte ferrassing út de hoeke te kommen.

 

02 Comme Chez Swa, as In Frou Fan Fiif Miljoen, 3 manlju, 5 froulju en figuraasje. www.stuft.nl

 

Koarte ynhâld: ‘By Swa’ is in restaurant ergens yn Fryslân. Francois, de eigener, is in poerbêste sjef-kok, en tagelyk in fûleindich oanhinger fan Jack Nicholson. Geraldine, syn takomstige frou, is him eins opkrongen troch in omke fan him. Dy omke is stoarn en hat in knoarre jild achterlitten. Dat kin Francois allinne erve at hy mei Geraldine trout. Allinne at Geraldine net mei him trouwe wol, of dat se frjemd gean soe, dan soe Francois it jild sûnder fierdere betingst erve kinne. Geraldine is in arrogante, ûnoantreklike frou en Francois is alhiel net fan doel om mei har te trouwen. Hy is smoar op Claudia, de tsjinster fan it restaurant, mar dy wiist him oant no ta ôf. As Claudia der achter komt dat Francois erve kin, draait se fuort by. Dit is tsjin de seare foet fan Tom, de barman, want hy hie oant no ta in relaasje mei har. Hy makket foto’s fan de eskapades fan Francois en Claudia en wol der in slaadsje út slaan. Omdat Geraldine perfoarst mei Francois trouwe wol, litte Claudia en Francois in hiermoardner komme om Geraldine fan kant te meitsjen. Dat slagget foarearst net, ek al omdat de man in Italjaan blykt te wêzen dy’t gjin wurd Frysk ferstiet. Ut in kleaune fan yntriges komt Francois as oerwinner út de bus!

03 Wanda’s bonte was, as Wanda wasket wyt, 6 manlju, 4 froulju en figuraasje. www.stuft.nl

 

Koarte ynhâld: Wanda is in jonge frou mei in rûzich ferline, se sit in straf út foar yllegale prostitúsje en hannel yn drugs. Se is al twa kear earder ûnder betingsten frij west, mar dat is beide kearen mislearre. No krijt se, nei’t se 3 jier fêstsitten hat, de lêste kâns om sjen te litten dat it ek oars kin. De betingsten om definityf frij te kommen binne: in fêst wenadres en fêst wurk. Ek mei se gjin strafbere dingen dwaan. Wanda giet oan de slach by in muoike fan har, se kin dêr wenje en deis yn de waskerij wurkje. De waskerij is lykwols in fertutearze boel. It liket der sels op dat de waskerij noch foar de ein fan de moanne de doarren slute moat fanwege achterstân mei it beteljen fan de hier, en dan soe se dus al oan ien fan de betingsten net mear foldwaan kinne.

Nei in pear dagen stiet har âld poaier en -dealer al foar de doar, hy wol har graach werom ha. Dan komt der ek noch in freondinne fan har del, dy’t út de finzenis ûntsnapt is, dy siket en krijt ûnderdak by Wanda. Dit past fansels ek net yn de betingsten en it liket der dan ek op dat se yn de koarste kearen wer yn de bak sitte sil. Wanda is lykwols net ien dy’t by de pakken delsit en se is fêstberet dizze lêste kâns te brûken, sadat se noait wer werom hoecht nei de finzenis.

 

04 Te Laat, as Te Let, klucht, 3 manlju, 5 froulju, mar kin ek mear wêze.

 

Koarte ynhâld: Eva, in frou op leeftiid, sit yn tsjerke te wachtsjen op it begjinnen fan de begraffenis fan har man Bram. Lotte, de beppesizzer, (dit kin ek in jonge wêze) is by har. De begraffenisûndernimmer, mei de kiste fan Bram, is der noch net, hy is te let! Yn seis tafrielen fertelt Eva oer it leven mei har man en hoe’t hy it foarelkoar krige om altyd te let te kommen, sels op syn eigen begraffenis!

Dit stik is ek hiel geskikt om as ienakters spile te wurden. Alle seis tafrielen binne perfekt apart fan elkoar as ienakter te spyljen, sûnder dat je de ynhâld fan de oare tafrielen noadich binne.

 

 

Fan Mary –Bakker – Schoon

 

05 Gestrand, as Fêstrûn, komyske skriller, 3 manlju, 4 froulju www.toneeluitgeverijvink.nl

 

Koarte ynhâld: Fjouwer freondinnen binne ûnderweis nei in jûntsje Chippendales en in lang wykein der achteroan. Se toere, mei in tas fol kofje en broadsjes, troch de Fryske bosken, oant se fêst komme te sitten op in drekkich boskpaad yn de buert fan Appelskea. Se klopje oan by in buorkerijke dat der wat ferlitten útsjocht. Se tinke earst noch dat it in fakânsjehúske fan de ANWB is, mar der blykt in bargeboer te wenjen. At se freegje oft se de nachtoer bliuwe meie, stjoert de boer harren de neare nacht wer yn. Mar se litte it der net by sitte en de boer draait by. Hy sil yn de skuorre sliepe, dan kinne de froulju de keamer brûke om harren del te jaan. Yn harren nijsgjirrigens fine se in koffer ûnder it bêd mei in ynhâld om fan te grizen. Skedels en bonken, wat moat dat ûnder it bêd fan in bargeboer? Wat in gesellich wykein wurde soe, draait út op in nachtmerje! Mar froulju binne slim...

 

Fan Astrid Baijs en Jan Tol:

 

06 Als de vrouwtjes van huis zijn, as As de froutsjes fan hûs binne, klucht, 4 manlju, 4 froulju. www.toneeluitgeverijvink.nl

 

Koarte ynhâld: At Loes en Ester, de frou en de skoanmem fan Frank, der foar in pear dagen op út binne, hat Frank it ryk allinne om syn blind-date Cora te sjen. Hy hat har útnoege dy pear dagen by him te kommen. Dizze moeting wurdt foar him lykwols ien grut rampeplan. De iene nei de oare falt by ‘m binnen, syn buorman en freon Kees, syn heit Maarten en ek Willemien, de freondinne fan syn heit. At Loes en Ester ûnferwachts wer thús komme, brekt der by Frank panyk út. Doch wit er de situaasje blykber nei syn hân te setten, mar hy bringt dêr mei oaren yn in ûnmooglike posysje. Hy hat sels ‘alle gelok fan de wrâld’, sa’t syn heit seit. Sels at op de ein alles ferkeard driget te gean.

 

07 En nu d’r uit!, as En no der út!, klucht, 3/4 manlju 6/7 froulju www.toneeluitgeverijvink.nl

 

Koarte ynhâld: At Helene Mulder foar in jier nei har suster yn Australië sil, freget se har soan Patrick om sa lang op it hûs te passen. Dy sjocht dat earst net sitten, mar dêr komt hy op wêrom at er betinkt, dat it him de kâns jout om wat faker by syn freondinne, Jorike, te wêzen. Ek Berdina, freondinne fan Helene, wol op de filla passe, mar dy wol der allinne mar finansjeel better fan wurde. At Helene ôfreizget ferhiert Berdina de keamers oan wa dan ek mar en ek Jorike hiert in keamer by Berdina. Dat kin fansels net goed gean en it botst no en dan behoarlik. Mar is Helene wol echt nei Australië?

 

08 Ik wil geen andere moeder, as Ik wol gjin oare mem, klucht, 3 manlju, 6 froulju. www.toneeluitgeverijvink.nl

 

Koarte ynhâld: Bram de Groot, docht yn fersekeringen en hy kin noch in oar rayon derby krije. Dan moat er wol troud wêze, want de minsken dêr’t er de saak fan oernimme sil, binne frijwat konservatyf. En dêr sit de angel by Bram, hy wennet op dit stuit allinne mei syn dochter Desiree. Op ynternet treft er in frou, Christien, dy’t wol tydlik syn frou spylje wol, mar der eins ek fan útgiet dat it tusken har en Bram wat wurde sil. Desiree kin lykwols beslist net mei Christien oer wei en se hellet alles út de kast om fan Christien ôf te kommen. Mar giet se dêrby net in lyts stapke te fier?

 

09 Niets is wat het lijkt, as Neat is wat it liket, klucht, 4 manlju, 6 froulju www.toneeluitgeverijvink.nl

 

Koarte ynhâld: At it houlik fan je dochter en soan net goed is, moatte je dêr as heit en mem dan wat oan dwaan?  En sa ja, hoe pakke je dat dan oan? Arnold Koopmans en Margretha Buismans tinke dat se de oplossing fûn ha. Se stjoere de bern op fakânsje en Margretha sil de boel bespionearje. It foardiel hjirby is dat de bern Margretha net kenne en sy kin dus yn alle rêst har gong gean. Tinkt se! Der gebeurt fan alles, Margretha moat sels ‘under cover’ om de saak goed ôfhannelje te kinnen. Dit hat in soad komyske situaasjes as gefolch, alles liket sels út de klauwen te rinnen. Mar dan komt Arnold ek ‘under cover’, en dy rêdt mei alles!

 

10 Nichtendag, as Nichtedei, klucht, 3 of 4 manlju, 8 of 9 froulju. www.toneeluitgeverijvink.nl

Poer geskikt as iepenloftspul!

 

Koarte ynhâld: Greet Klappenholst noadicht alle nichten fan de famylje Rurrenkopf út op de kamping fan boer Klaas Winters en syn frou Willemien. Guon fan dizze nichten sjogge mekoar dan foar ‘t earst. Sa op it earste gesicht liket it út te draaien op in trochsneed famyljedei, mar al gau blykt it te gean om it ferpartsjen fan in erfenis. En sa’t it by de measte minsken is at it om jild giet, de nichten feroarje as in blêd oan de beam. Foaral ien fan de nichten liket der nochal wat belang by te hawwen. Se hellet teminsten fan alles út de kast om foar de erfenis yn oanmerking te kommen. Is dizze nicht wol in echte nicht? en dy oare nicht, is dat net in neef? En dat allegear op de kamping dy’t eins gjin kamping hjitte mei en dy’t ûnder lieding stiet fan in boer en syn frou dy’t sels noch noait op in kamping west binne.

 

Fan Josiane Balasko:

 

11 Un Grand Cri d'Amour, as Fjochtsje Om Leafde, komeedzje, 4 manlju, 1 frou, of 2 manlju, 2 froulju www.stuft.nl

 

Koarte ynhâld: Gigi en Hugo wiene earder troud en beide grutte stjerren op it toaniel. Nei dat Hugo in slipperke makke hat binne se skieden en ha elkoar in hiel skoft net sjoen, lit stean mei elkoar praat. No wol in regisseur se beide brûke yn in nij stik, mar it falt net ta om se safier te krijen dat se wer tegearre op de planken ferskine. It slagget al om se oan it repetearjen te krijen, mar dat giet net fansels. De iene nei de oare rint út de repetysjeromte wei omdat er de oare net útstean kin. By eintsje beslút slagget it al en dan blike Gigi en Hugo it mear iens te wêzen as de regisseur en de produsint. De foarstelling wurdt in foltreffer.

 

Fan Berthold Brecht:

 

12 Die Gewehre Der Frau Carrar, as De Gewearen Fan Frou Carrar, drama, 4 manlju, meardere froulju, figuraasje. http://www.frysketoanielkatalogus.tresoar.nl/

 

Koarte ynhâld: In polityk stik oer in Andalusyske fiskersfrou ûnder de Spaanske boargeroarloch. Frou Carrar hat twa soannen. Har man is stoarn yn it ferset. Se besiket har jonges mei alle macht út it ferset te hâlden ek al sizze oaren dat se harren gean litte moat. Op 'e jûn dat it stik spilet is der in belangrike striid oan 'e gong. Út it hûs wei binne de kanonnen te hearren. De âldste soan, Juan, is te fiskjen. De broer fan frou Carrar komt lâns om gewearen te heljen. Hy besiket harren út te lizzen dat se net feiliger binne as se harren net fersette tsjin de macht fan Franco, en dat se der neat mei winne. Frou Carrar hâldt fol dat ien dy't fjochtet, deade wurde sil. Dan wurdt Juan binnen brocht. Hy is deasketten, as boarger. Frou Carrar wurdt sa fûl, dat se de gewearen pakt, en mei har broer en jongste soan sil se dan te fjochtsjen.

 

Fan Aris Bremer:

 

13 Herrie Om De Haverklap, as Heisa Om De Haverklap, komeedzje, 4 manlju, 6 froulju. www.toneeluitgeverijvink.nl

 

Koarte ynhâld: Frou Haver, of leaver Beppe Haverklap, de noch krasse en eigensinnige bewenner fan ‘De Haverklap’, in lyts húske dat oan in pleintsje stiet, is ûntslein út klinyk ‘Bosrust’. Dêr hat se in heal jier ûnder twang sitten. Beppe is lykwols noait ‘gek’ west, mar har hûs stiet altyd iepen foar minsken mei problemen en dat steurt de buorlju. Dêr komt noch by dat deselde buorlju har grutte tún anneksearje wolle. Om dit te berikken stelle se alles yn ‘t wurk. Se gean dêr foar yn it geheim relaasjes oan mei de pleatslike gesachdragers. De ‘hystearyske’ Martha Muysch giet frjemd mei Bastiaan, de sjef fan de plysje. De ‘sûplap’ Roderick Bastogne hat in affêre mei de dominante boargemaster Anna de Gier. Yntusken gunne de buorlju mekoar it ljocht yn de eagen net. Mar hoe dan ek, Beppe moat wer nei ‘Bosrust’. Dan, yn de iere moarn, wurdt der sketten en folgje de foarfallen mekoar yn in heech tempo op. It iene is noch net west of it oare is der al wer. De plysjes Lola en Herman komme yn aksje, en Sjoerd, dy’t lêst hat fan it ‘Doornroosje – kompleks’, rekket ûnderdak yn ‘De Haverklap’. Pien van Donderen nimt wraak op har man, de sjef fan de plysje, dokter Popke van Boven, de dokter dy’t Beppe yn ‘Bosrust’ behannele hat, soarget der foar dat Beppe wer opnommen wurdt. Mar Beppe soe Beppe net wêze at se it net wer foarelkoar krige om ‘Bosrust’ wer te ferlitten. En no hat se noch mear fjoer yn har as earder. Dan blykt dat se folle mear freonen hat as at se tocht hie. Ut in net ferwachte hoeke krijt se steun om ‘De Haverklap’ te ferdigenjen. ‘Dy’t net sterk is moat slim wêze’ is har motto. Nei alle heisa om ‘De Haverklap’, keart úteinlik de rêst werom op it plein.

 

14 Mallejan Is Weerom, as Mâle Jan Is Werom, komeedzje, 3 manlju, 6 froulju. www.toneeluitgeverijvink.nl

 

Koarte ynhâld: Jan van der Molen komt, nei’t er jierren ergens oars wenne hat, werom yn it doarp dêr’t er opgroeid is. Elk neamde him doedestiids ‘Mâle Jan’. Sa hie en hat ek no hast elke ynwenner fan it doarp in bynamme. Jan wol in boek skriuwe oer syn heit. Dizze dryste skoalmaster, dy’t as bynamme ‘Dolle Dries’ hie, waard nei in skeel mei de korrupte wethâlder Van Beerenschot (De Bear), ûnskuldich yn de sel set en is dêr ek ferstoarn. Mâle Jan krijt ûnderdak yn it ferboude hinnehok fan Jaap de Brave (Jaap Wichel) en syn frou Els (Goudelske). Yn datselde hinnehok hat Jan syn heit ek taholden yn de wiken foar it proses. Jan wol yn dat hinnehok de iensumens fan syn heit ynfiele en de wierheid achterhelje. Al gau wurdt dúdlik dat der net folle feroare is. De post wurdt, foar dat it besoarge wurdt, earst altyd lêzen en trochferteld troch postrinder Sijke Potter. (Sijke Slik) Minsken yn it doarp fleane elkoar om neat nei de strôt en binne yn kampen ferdield. Mar se binne ek goed yn it tadekken fan eardere aaklike saken sa as dy mei ‘Dolle Dries’. Boppe-al is it noch altyd ‘De Bear’ dy’t as wethâlder manipulearret, dominearret en achter de froulju oan sit. Al gau rekket Jan, tsjin syn sin trouwens, fertize yn alderlei konflikten en leafde – affêres. It rint mei ‘Mâle Jan’ oars ôf as mei syn heit. Sels rint er fêst yn de ûntstiene situaasje en dûkt ûnder as in kluzener. Gelokkich is it de flegmatike Jaap Wichel dy’t, mei syn wichelroede, him wer wekker skoddet. Mar it is foaral Bette (Rotsje), de ‘punkerige’ dochter fan Jaap, dy’t him helpt om de wierheid boppe tafel te krijen. Se wit ‘De Bear’ op like grappige as effektive wize te bestriden en hy moat syn ferlies tajaan. Dan kin Jan einlings it boek oer syn heit skriuwe en syn soan kin er aansen de earfolle namme Dries van der Molen jaan.

 

Fan Fred Carmichael,

 

15 Luxury Cruise, as Bakhuzen Is Gjin New York, komeedzje, 3 manlju, 6 froulju. www.stuft.nl

 

Koarte ynhâld: Sân minsken, allegear op reis mei deselde grutte plezierboat, komme mei elkoar yn de kunde. Feara en Sissy Simons, twa susters út Bakhuzen, dy’t al har hiele libben tegearre in kamping beheare, mar sa âlderwetsk binne as at it mar kin. Noait earder op fakânsje west en no samar in wrâldreis. Harm en Lys Voolstra, hy is ferslave oan pokerjen en sy docht alle war om him der ôf te krijen. Drewis en Franny Galama, hy hat net lang mear te leven, mar wit perfoarst net hoe lang noch. Drewis tinkt dat syn frou it net wit, mar is dat wol sa? En dan noch Lys Groothoff, is dy wol sa’t se har foardocht? Allegear tûkelteammen dêr’t yn de rin fan it stik in antwurd op komt.

 

Fan Noël Coward:

 

16 Private Lives, as Leafde As Mûnster, komeedzje, 2 manlju, 2 froulju. (Stuft)

 

Koarte ynhâld: Elyot hat earder mei Amanda troud west, mar dat houlik is op 'e non rûn, altyd rûzje, sels slaan en ek alkoholisme wiene de oarsaken fan de skieding. No is hy op houliksreis mei syn twadde frou Sibyl. Se binne yn Frankryk bedarre, yn in moai hotel. At er jûns bûten op it terras sit sjocht er dat Amanda op it terras neist dat fan him sit. Ek sy is foar de twadde kear troud, no mei Victor, en ek op houliksreis, tafallich yn itselde hotel. Se komme der achter dat se eins noch wol gek op elkoar binne en beslute tegearre út te naaien. Der blykt noch wol hiel wat âld sear tusken Elyot en Amanda te sitten dat noch net ferwurke is. Victor en Sibyl, dy't harren achternei reizge binne, fine harren fjochtsjend yn de fakânsjeflat fan Amanda yn Parys. Dêr giet it rûzje meitsjen gewoan fierder en ek Victor en Sibyl dogge grif mei. Oan it ein fan it stik naaie Elyot en Amanda wer tegearre út.

 

Fan John Customs:

 

17 De Verwelkte Begonia, as De Wilige Begoania, klucht, 3 manlju, 4 froulju. www.toneeluitgeverijvink.nl

 

Koarte ynhâld: It terras fan kafee/pensjon ‘It Einpunt’. As gasten komme der earst twa broers dy't de flecht nommen hawwe út it âldershûs, lês oerhearskjende mem. As oare gasten komme der twa susters dy't op kuiertocht binne. De karakters en dêrmei it hâlden en dragen fan sawol de broers as fan de susters binne alhiel ferskillend en dat soarget foar in protte mieningsferskillen en botsingen. In kreaze studinte/betsjinster, in nuveraardige stamgast en fansels de bazinne kompletearje it selskip. As daliks de earste jûn al ryklik drank brûkt wurdt, gebeurt der fan alles. De oare deis is de betizing grut en dat jout oanlieding ta de noadige komyske sênes.

 

Fan Jan Derene:

 

18 Wie Is Hier De Dokter, as Wa Is Hjir Dokter, klucht, 3 manlju, 4 froulju, mar 11 spilers en in figurant kin ek. www.toneeluitgeverijvink.nl

 

Koarte ynhâld: Yn in drokke húsdokterspraktyk wurkje neist dokter in doktersassistinte en in putsjeman. Yn de praktyk komme alderhanne pasjinten mei ferskillende problemen en kwalen dy’t harren op begrutlike en healwize manieren hâlde en drage. Net allinne dokter bemuoit hm mei de behanneling fan de pasjinten, mar ek de assistinte en de putsjeman dogge dat no en dan. Dêrneist gebeure der ek in pear net gebrûklike dingen dy’t te krijen ha mei de besite oan de parktyk fan in heimsinnige pasjint. Dit allegear liedt ta de noadige komyske tastannen. Alle personaazjes yn dit stik kinne as typkes delset wurde. It stik kin spile wurde troch alve spilers en ien figurant. Mar folle útdaagjender is it foar de spilers, en ynteressanter foar it publyk, at it stik spile wurdt troch sân spilers en spylsters. De feriening dy’t dizze útdaging oandoart sil der sûnder mis in soad wille oan belibje.

 

Fan Donders Mooi:

 

19 Een Pil Voor Opa, as Pake Moat Oan De Pil, klucht, 4/5 manlju en 4/5 froulju. www.toneeluitgeverijvink.nl

 

Koarte ynhâld: De húshâlding fan Evert en Sippy kin it goed dwaan. Heit Evert kin de wielde wol drage, mem Sippy rint wol es in eintsje neist de skuon. Sy nimt yn it gesin in dominante rol yn. Dochter Janine liket op har heit, mar is ek net frij fan de ynfloeden fan mem. Dat it de famylje goed giet docht bliken út it feit dat se der in túnman op nei hâlde kinne, Ahmed. Hy is fan Marokkaanske komôf en hat in protte ferstân fan de blomkes en de bijkes. De situaasje feroaret bot at der in noatris delkomt dy’t melding makket fan in testamint, in testamint mei in soad frjemde betingsten. De heit fan Evert, pake Gerrit spilet hjir in bysûndere rol yn. Pake is in leafhawwer fan it goede leven, mar hy is yn in rolstoel bedarre. Foar Ahmed is sa’n ding in sitfyts. Pake is yn goede hannen by syn privee – ferpleechster Karin, in type sûnder blêd foar de mûle. Uteinlik komt de notaris del om it testamint ta útfier te bringen, en dan wurdt der in soad dúdlik.

 

Fan Loek Elich:

 

20 De Witte Stranden Van Lanzarote, as By De Hinnen Op Stok, klucht, 2 manlju, 4 froulju. www.stuft.nl

 

Koarte ynhâld: Henk en Hetty ha elkoar troffen op in beurs yn Dútslân. Jûns yn it hotel sieten se faak by elkoar en it rûn út op in hertstochtlike românse. Hetty is frij, mar Henk is troud. En dêrom sizze se elkoar ta dat se mekoar nei de beurs net wer sjen sille. At harren dochters tegearre in simmerhúske hiere, sille de heit en de memmen ek in dei op besite komme. En dêr treffe Henk en Hetty mekoar wer. Henk wol daliks de românse wer nij libben ynblaze, mar se wurde steurd en sa bedarret Henk troch it rút nei bûten en siket er syn heil foar in skoftke yn it hinnehok. Hy komt ûnder de hinnestront midden yn ‘e nacht wer thús.

 

21 Grapefruit juice Met Een Tic, as Jus D' Orange Mei In Tik, skriller, 3//4 manlju, 4/5 froulju. www.stuft.nl

 

Koarte ynhâld: As Ellen Woudenberg fernimt dat har ienige famyljelid, in âldmuoike dy’t in bulte jild hat en op hege leeftiid is, oan in tredde jeugd begûn is, beslút se om as de wjerljocht poalshichte te nimmen. Dêr oankommen komt se der achter dat tante harsels al in healjier lang fersoargje lit troch in ynwenjende ferpleger. Se wit dat der koartlyn yn De Haach in stikmannich rike dames om it libben brocht binne troch twa ferplegers. Dat gebeurde mei medisinen, nei dat de manlju de slachoffers earst fan harren kaptaal berôve hiene... It wantrouwen fan Ellen wurdt noch grutter as se sjocht hoe wiis as tante mei har ferpleger is en ek fanwege de heimsinnige telefoantsjes fan dizze man om presys twa oere nachts. As notaris komt om it al besteande testamint te wizigjen, feroaret alles yn razend tempo. Dokter moat halje-trawalje komme, omdat alles der op wiist dat de ferpleger syn fatale plan útfierd hat. Mar wie hy wol de dieder, of wie 't de húshâldster, dy't alles wist en fan tichtby meimakke? Of wie 't de achternicht sels?

 

22 Moord In Het Sterfhuis, as Moard….Of Tafal?, skriller, 2 manlju, 5 froulju. www.stuft.nl

 

Koarte ynhâld: Mem hat jierrenlang siik west en leit no op stjerren. De húshâldster en de jongste dochter Maria fersoargje har. Maria lit beide susters Anne en Vera, wêr't se yn lang gjin omgong mei hân hat, thúskomme. De soan fan de húshâldster Tom hat in ferhâlding hân mei Vera, mar leit it no oan mei Anne. Op in stuit komt Anne te ferstjerren. Wa is de skuldige? Ynspekteur De Vos siket dat út.

 

23 Noem Me Geen Mams, as Neam My Gjin Mem, blijspul, 3 manlju, 5 froulju. www.toneelcentrale.nl

 

Koarte ynhâld: Twa jier nei de berte fan har dochter Gerrie is de man fan Alice Winter mei in oare frou útnaaid en moast se har sels rêde. It is net sa dat se de manlju no hatet, mar folle ferlet fan in nije relaasje hie se ek net, dat is begryplik. Se is skriuwster wurden en kin sa goed yn har eigen ûnderhâld foarsjen. At har dochter Gerrie, dy’t yn Amsterdam studearret, seit dat se it wykein thúskomt mei in freon, giet Alice der fan út dat se har eigen freon bedoelt. Mar Gerrie is fan doel om dizze freon oan har mem te keppeljen. Dat se dêrby hiel foarsichtich te wurk gean moat is wol dúdlik.

 

Fan Bernd Gombold:

 

24  Baby Wider Willen, as Gjin Bern Ha Wolle, Mar Wol Krije, klucht, 4 manlju, 4 froulju. www.toneeluitgeverijvink.nl

 

Koarte ynhâld: De frou fan de boargemaster yn in lyts provinsjedoarpke, komt, nei 't se in pear wike yn in kueroarde west hat, wer thús. Op it stasjon nimt se de ferkearde tas mei, thús oankommen blykt der in bern yn te sitten. Amper hat se de situaasje oan har man útlein, of de plysje stiet al foar de doar om te sizzen dat der in bern stellen is. At de boargemaster útlizze wol dat it in fersin is, wol dat de plysje net oan. "Samar in bern meinimme, dat bestiet net. Dêr moat in misdiedich brein achter sitte". Bang foar syn baantsje, doart de boargemaster fierder neat te sizzen, mar no sitte hy en syn frou wol mei in bern opskipe, dêr't troch elkenien om socht wurdt. In bern trouwens dat op de meast ûngeskikte mominten in kiel opset en blyk jout fan syn bestean. En besykje dat mar es geheim te hâlden, of better sein, út te lizzen oan de minsken dy't mei regelmaat by je oer de flier komme.

 

 

25 Die Gedächtnislücke, as Lige As In Wachter, klucht 5 manlju, 5 froulju. www.toneeluitgeverijvink.nl

 

Koarte ynhâld: De boargemaster fan in lytse gemeente op it plattelân fan Fryslân hat it swier mei syn amt. Hy wurdt sa stadichoan simpel fan twa nije ynwenners dy’t oanienwei kleie oer lûdsoerlêst. Dêrby giet it om in kraaiende hoanne, it lieden fan de tsjerkeklokken en de repetysjes fan de blaaskapel. Yn in besykjen om wat oan dit lûdsoerlêst te dwaan en de nije bewenners wat yn de mjitte te kommen, rint hy tsjin in dreun op ‘e kop oan, dy’t him de lêste fiif jier út it ûnthâld slacht. Dan komt gemeenteboade Syp yn aksje. Leaver lui as wurch, mar mei in net te stopjen fantasije, bringt er op syn Jan boerefluitsjes de saken op oarder. Dat er dêrby net altyd de wierheid seit, makket him neat út, hy hat it der sels leaver om!

 

 

26 Die Unglaubliche Geschichte Vom Gestohlenen Stinkkäse, as Fantasten en Stjonktsyskes, klucht, 4 manlju, 4 froulju, www.toneeluitgeverijvink.nl

 

Koarte ynhâld: Moarns, nei it jierlikse festival fan de fanfare, wurde fjouwer manlju wekker mei in swiere holle. Al gau docht bliken, dat se oant betiid yn de moarn goed stevich oan de drank sitten ha. Sadwaande ha se suver in black-out en witte se amper wat foar of achter is. Kees, dy’t him yn syn timmersaak deljûn hat omdat er net by de frou op bêd doarst te krûpen, komt der by it wekker wurden achter dat er syn boppegebit, syn beurs en in skoech kwyt is. Fierder stiet der, sûnder dat hy wit wêr’t dy weikomt, in ljedder yn de saak, dêr’t ek noch in sport fan ôf mist. Dan komt syn soan Frank oansetten mei in stikken finsterlûk en it docht bliken dat dy ek noch in frjemd slipke yn de bûse hat. Johan, de opperwachtmaster fan plysje, hat in bult op ‘e kop sa grut as in dowe-aai en is syn tabaksdoaze kwyt. Hugo, de oansteande skoanheit fan Frank mist syn horloazje en de húshâldster fan de pastoar mist fjouwer stjonktsyskes út de finsterbank. Dan fynt Hugo de beurs fan Kees en de tabaksdoaze fan Johan op de sliepkeamer fan syn dochter Jenny. It wurdt in hiel trelit en de oplossing fan al dizze riedsels hat in oanienskeakeling fan kostlike situaasjes as gefolch. De mannen helje werklik alles út de kast om de froulju der mar fan te oertsjûgjen dat sy neat dien ha dat it deiljocht net ferdrage kinne soe.

 

27 Opa, Jetzt Reicht’s, as Sa Kin ‘t Wol Ta Pake, klucht, 5 manlju, 4 froulju. www.toneeluitgeverijvink.nl

 

Koarte ynhâld: Neffens de deune en sunige Marta is har skoanheit (pake) in jildfergriemende en luie keardel. Pake helpt net mear op de buorkerij, dat stekt Marta en dat lit se merke ek. Pake belibbet in soad wille oan syn laptop, syn motor mei sydspan en syn mobile telefoan. Pake hat dy motor trouwens allinne mar kocht omdat er mei beppe op reis wol nei itselde plakje dêr’t se fyftich jier lyn harren houliksreis holden ha. Hy hat mei de mobile telefoan en de laptop kontakt mei syn pakesizzer, dy’t yn Itaalje staazje rint. Beppe is wat ferjitlik en dat komt soms goed fan pas. Beppe driuwt in man fan de fersekering ta wanhoop en pake betrapet in ynbrekker. Dy ynbrekker naait út op de motor fan pake, krijt in ûngelok, en omdat hy de beurs fan pake by him hat, krijt pake de skuld fan alles. Sa is der konstant fjoerwurk op de buorkerij. Mar pake is wol in slimme pake en by eintsje beslút krijt pake syn sin.

 

Fan Maria Goos:

 

28 Doek!, as Doek!, komeedzje, kin troch 1 man en 1 frou spile wurde. www.kikproductions.nl

 

Koarte ynhâld: Aktrise Lies Oorthuizen en akteur Richard van Berkhoven binne tritich jier lyn tegearre ôfstudearre oan de toanielskoalle. Op de dei dat se harren diploma krigen spilen se in Albee – achtich stik. Se ha fan dat momint ôf tweintich jier yntinsyf gearwurke. Se ha noait in leafdesrelaasje hân, hoewol’t Lies altyd fereale west is op Richard. Richard is yn de rin fan de jierren hieltyd mear oan de drank rekke en úteinlik hat Lies nei tweintich jier gearwurkjen de knoop trochhakke. Se is mei in gynekolooch troud en se hat har yn Súd – Frankryk nei wenjen set. Op it momint dat DOEK! begjint hat Lies tsien jier yn Frankryk wenne en se hat Richard al dy tiid net sjoen.

 

Fan Lieke M. de Groot

 

29 Een Waterdicht Idee, as In Wetterticht Idee, 4 manlju, 5 froulju. www.stuft.nl

 

Koarte ynhâld: Om gau ryk te wurden hawwe Tessie en Roel in soarte fan sûnensintrum opset. It wetter dat se de minsken drinke litte moat hiel sûn wêze, it komt út de Snöde-Fleut, ergens boppe-yn Sweden. Gasten meie sa’n wike oars net ite as griente, fruit en oar guod dêr’t je beslist net fan oankomme. Guon gasten binne fansels gau op dat ‘kninefretten’ útsjoen. Dizze wike is eins de lêste kear dat se gasten ha, dêrnei wolle se fan de ‘fertsjinne’ sinten genietsje. Mar der binne noch wol wat tsjinslaggen. Hat ien fan de gasten fan dizze wike soms wat yn de gaten? En bestiet de Snöde-Fleut wol echt?

 

Fan Haye van der Heyden:

 

30 De Flat Van Jet, as De Flet Fan Jet, 3 manlju, 3 froulju. www.stuft.nl

 

Koarte ynhâld: Jet hat in flet yn ‘e stêd dêr’t se har frijer Karel ûntfangt. Mar se wol fan him ôf. En dan hoecht se de flet eins ek net oan te hâlden. Karel, dy’t ek troud is – dat wit Jet net, want se is nochal jaloersk – lient de flet wol es út oan syn soan Andre, dy’t dêr wol es mei in freondintsje komt. Mar dan nimt ien fan dy freondintsjes, Natas, dy’t wenromte siket, Veertje, de dochter fan Jet, mei, want dy siket ek wenromte. En dan giet it fout. Jet mei net witte dat... en Karel mei net witte dat... en Veertje mei hielendal net witte dat... En dan komt Jules, de man fan Jet, ek noch es del, en dy mei alhielendal neat witte!

 

31 Het Hart Van Herman, as It Hert Fan Herman, swarte komeedzje, 3 manlju, 2 froulju. www.toneelcentrale.nl

 

Koarte ynhâld: Herman komt thús út it sikehûs. Dêr hat er te hearren krigen dat se neat mear foar him dwaan kinne. Hy is lilk, dwerstroch alles hinne lilk. Hy skelt en rachelt op alles en elkenien dy’t ‘m foar de fuotten komt. Op Marijke, syn frou. Op Karin, syn sekretaresse. En dokters is alhielendal  neat! Praat my net fan dokters! Dan komt Leo. Leo sil Herman begeliede yn de lêste dagen. Leo syn kommen soarget foar hiel wat argewaasje by Marijke, sy wol sels foar Herman soargje en dat net oerlitte oan in wyldfrjemd. Mar Leo soarget ek foar argewaasje by Karin. Hoe kin dat? En wat moat dy Thijs hieltyd by Marijke? Krijt se wol echt Spaanske les? Of is der mear tusken Marijke en Thijs? En hoe sit it tusken Herman en Karin dan? Haye van der Heyden hat wer in stik skreaun sa’t allinne Haye van der Heyden dat kin.

 

32 Jaloezieën, as Jaloezyen, komeedzje, 2 manlju, 2 froulju. www.stuft.nl

 

Koarte ynhâld: Rosa, in aktrise, en Charel, in skriuwer, beide om en by de 40, binne troud. It houlik is gjin sukses. Rosa is allegeduerigen mei har rollen dwaande en benammen mei wat de resinsinten der fan sizze. Charel fielt him as skriuwer mislearre en dúdlik de mindere fan Rosa. Hy siket syn treast yn de drank. Ellen, de mem fan Rosa, komt ûnferwachts opdaagjen en seit dat se by harren ynwenje wol. Se is it allinne wêzen nei it ferstjerren fan har man sêd en it is op 't lêst har eigen hûs, dêr't Rosa en Charel yn wenje. It liket Rosa wol op fleanen, se wol mem út noch yn net by har yn ha. It kin Charel it measte net skele, mar Rosa batst der fuortdaliks yn, konflikten by 't soad dus. Troch in tal monologen wurdt it de skôger dúdlik dat Alfred, de resinsint dy't fan Rosa har spul gjin spaan hiel litten hat, wat langer wat mear in relaasje kriget mei de trije oaren. De relaasjes rinne bytiden sa healwiis trochinoar, dat de stikken der letterlik en figuerlik ôf spatte. En wêr't it by einbeslút op útdraait... wa sil it sizze.

 

33 Loslopende Vrouwen, as Losrinnende Froulju, blijspul, 1 man, 3 froulju. www.toneelcentrale.nl

 

Koarte ynhâld: Trije froulju, beppe, mem en dochter en ien man. It spilet him ôf op in plat dak, je kinne der moai yn ‘e sinne lizze. Mar de man, dy’t muzyk makket, hat troch syn kajút, útsjoch op dat platte dak. Hy hat in sliepsykte en is no en dan in skoftke ûnder seil. At dat wer in kear sa is komme de froulju der achter dat er net sliept, mar dea is. Dan blykt dat se alle trije it bêd mei him dield ha.

 

Fan Herman Heijermans:

 

34 Ora et Labora, as Ora et Labora, trageedzje, 6 manlju, 6 froulju.

http://www.frysketoanielkatalogus.tresoar.nl/

 

Koarte ynhâld: Watse en Maaike binne boer en boerinne, mar sa earm as Job. Se ha twa bern, Eelke en Froukje. De mem fan Watse, Sjoukje, 81 jier âld, wennet ek by harren yn. It is in strange winter, it friest dat it ongelt en it skip fan Hiddes, in binnenskipper, syn frou Jeltsje en harren dochter Sytske, rint fêst yn de skossen fan de feart njonken de buorkerij fan Watse en Maaike. Hiddes hat it measte fan syn guod nei de lommert bringe moatten om oan sinten te kommen. Ek syn fracht, turf, hat er foar in appel en in aai ferkeapje moatten, om’t er finansjeel oan ‘e grûn siet. Watse hat earder út earmoede al twa kear in lapke grûn ferkeapje moatten oan Tsjerk, in deune, ynklauwerige boer út de buert. Allinne it lapke dêr’t de hutte, wêr’t se yn wenje, op stiet, ha se no noch. Mar it hynder is dea en de lêste ko hat stâlpoaten en leit op stjerren, at dy ek noch deagiet ha se gjin ynkomsten mear. At dan ek soan Eelke, mei syn maat Douwe thúskomt, omdat se gjin wurk mear ha, is de boat oan. Eelke en Douwe wolle nei Dútslân rinne om dêr wurk te sykjen. Mar dêr is Sytske, dy’t sûnt de lêste merke mei Eelke skarrelt, poer op tsjin. Dan stjert de ko. Watse is poerlilk en Maaike ek, want Watse hat ‘m net op tiid nei de needslachting brocht, fynt se. Se jouwe elkoar de skuld. En ek Froukje krijt de skuld, de dochter, dy’t in miskream hân hat en net iens sizze woe fan wa’t it bern wie Dêr komt noch by dat Watse in proses oan de broek krigen hat om ‘t er de peallen, dy’t Tsjerk om it lân sette dat er fan Watse kocht hie, út de grûn skuord hat, omdat er miende dat Tsjerk de peallen te fier setten hie, op grûn dy’t noch fan Watse wie. No moat er ek noch es goed fyftich gûne oan it gerjocht betelje. At Watse de deade ko ferkocht hat, belânet er yn de kroech en komt dêrnei dronken thús, mei noch minder jild fansels. No is de boat hielendal oan. Maaike is razend, breinroer sis mar. Dan sjocht Eelke in advertinsje yn de krante. Hy kin twahûndert gûne hanjild krije at er ‘m oanmeldt foar de East en sels trijehûndert gûne foar de West. Hy kin dêrmei de hiele saak rêde. At er fyftich gûne oan skipper Hiddes jout, kin dy syn guod werom helje út de lommert, en heit en mem bin rêden mei de hûndertfyftich dy’t er oer bliuwt. Hy moat dan wol foar seis jier tekenje. Hy beslút om it te dwaan en seit dat tsjin Sytske, syn frijster. Mar dy wol der neat fan witte en giet lilk fuort. Eelke set doch troch en komt in pear dagen letter thús mei twahûndert gûne. Hy wol Hiddes fyftich jaan, mar dêr bin Watse en Maaike poer op tsjin. Se krije der rûzje om en Eelke hie wol wollen dat er net tekene hie. Hiddes jout oan dat er it jild eins net ha wol, yn elk gefal minder as de fyftich gûne. Mar Sytske keart dat ek. Sytske wol ek net mear mei Eelke frije, no’t er seis jier fuort moat. En sa bliuwt Eelke mei lege hannen achter, heit en mem strike it jild op, syn ferkearing is út en hy moat seis jier tsjinje yn de East.

 

Fan Jan Kerkhof:

 

35 Allemaal Komedie, as Allegear Komeedzje, klucht, 3 manlju, 5 froulju. www.toneeluitgeverijvink.nl

 

Koarte ynhâld: Marinus van den Bogaard sit behoarlik ûnder de tomme by syn frou Truus. Buorfrou Rosanne docht him it idee oan de hân en op in wol hiel orizjinele wize leart Marinus syn frou in leske. Ek in Dútske dûnseres levert noch in bydrage. De beide dochters Annemarie en Tina, hawwe útfûn dat harren mem froeger toanielspile en noadigje dêrom de regisseur fan in toanielferiening út. Dan binne de misferstannen net fan de loft en de rapen behoarlik gear.

 

Fan Wim de Knegt:

 

36 Fedja, as Fedja, (iepenloftspul) 7 manlju,4 froulju. (leit by my thús)

 

Fan Pavel Kohout:

 

37 Krieg Im Dritten Stock, as Oarloch Op Trije Heech, komeedzje, 10 manlju, 1 frou, kin dûbele wurde.

http://www.frysketoanielkatalogus.tresoar.nl/

 

Koarte ynhâld: Dr. Emil Blaha en syn frou Mischa lizze lekker te sliepen at der ynienen op de sliepkeamersdoar kloppe wurdt, it is de post mei in befel foar opkomst: Hy moat him melde! It blykt dat der ien ûnderweis is (in sekere Müller) om syn hûs te besetten, him om te bringen en syn frou tenei te kommen, mei oare wurden: fan Dr. Emil Blaha wurdt ferwachte dat er him ferdigenet. Der wurdt him in gewear útrikt, de noadige hângranaten ensafuorthinne. Mar Blaha wol net fjochtsje, hy wol sliepe, it is op 't lêst midden yn de nacht. Hy ferliest dan ek de slach fan Müller, dizze beset syn hûs wol mar is op it ein net mear by steat om syn frou tenei te kommen. Kommentaar: Dit stik is troch it BFT al ris brûkt foar it presintaasje - toaniel. It is geskikt om mei sawol in lytse as in grutte besetting te spyljen. Ek wat it dekor en de technyk oangeane is der wol it ien en oar út te heljen. Mei oare wurden: Wurdich om it ris op de wurklist te setten.

 

Fan Fred Muylaert:

 

38 De Babyvergunning, as De Babyfergunning, klucht, 3 manlju, 2 froulju. www.stuft.nl

 

Koarte ynhâld: In jong troud pearke is net fan doel om tegearre te bliuwen. Dêr binne se net sels baas oer, want de wet dy't de befolkingsgroei beheine moat, seit, dat se dêr in fergunning foar ha moatte. Moai wurdt út de doeken dien hoe dreech as saken geane as men yn 'e hannen fan amtners bedarret. Der giet hast in jier oerhinne foar dat de oanfraach goedkard is. De jongelju binne dan sa sêd fan alles, dat se mar fan bern ôfsjogge. Se fertsjinje beide en keapje earst in auto en nije meubels. Yn dit stik wurdt in tige aktueel tema oansnien: de oerbefolking.

 

39 Oom Edward Is Gevaarlijk, as Omke Edward Is Gefaarlik, klucht, 4 manlju, 4 froulju. www.stuft.nl

 

Koarte ynhâld: Edward Broekaart is fabrikant fan ûnderguod en docht alle war om in miljoen slipkes oan it leger te sliten. Der is haast by de transaksje, mar de húsfeint, net op 'e hichte mei Edward syn saken, sâltet de boekhâlder ôf, omdat er fan betinken is dat syn baas yn alle rêst syn moarnsbrochje ite moatte kin. Edward, doch al min te sprekken omdat syn frou mei in fikse kater op bêd leit, wurdt no alhiel gysten. As er dan ek noch in brief mei in pikante ynhâld yn har taske fynt, is er breinroer. Mar hy moat fuort. Dan docht bliken dat Anne Marie de jûns tefoaren oan 'e jui west hat mei in hege ome fan it leger. Dat is, hoe kin 't ek oars, de kolonel dy't oer de slipkes giet. It wurdt in spektakel fan komsa, mar oan 'e ein fan't stik komt elk aardich oan syn of har trekken. Tige geskikt foar in fleurige jûn.

 

Fan Bert Peets

 

40 Een lekker stelletje, as In lekker stel, klucht, 3 manlju, 5 froulju. www.toneeluitgeverijvink.nl

 

Koarte ynhâld: Nyk en Emmy, in jonge akteur en in jonge aktrise,  wenje tegearre ûnder ien dak yn de polder krekt ûnder De Lemmer. Dat is ticht by de famylje yn Fryslân, en de Rânestêd, dêr’t harren wurk it measte is, is ek reedlik gau te berikken. Beide stean se noch ûnderoan de ljedder nei it grutte sukses, en dat betsjut dat se no en dan bêst in ekstraatsje brûke kinne. In omke fan Nyk en in muoike fan Emmy soargje dêrfoar, troch elke moanne in bedrach oer te meitsjen. Dy talage is eins bedoeld om de stúdzje fan de beide jonge minsken te beteljen. Wat dy omke en muoike net witte is, dat se beide de stúdzje deroan jûn ha en by it toaniel gongen binne. De bydrage ferdwynt dus gewoan yn de húshâldpot en sa is it fansels net bedoeld. Alles giet goed oant omke en muoike harren komst oankundigje. Dan driget der in katastrofe. Ommers, de jongelju sille harren geheim opbychtsje moatte, of wat betinke sadat omke en muoike neat yn de gaten ha. Alles wurdt út de kast helle om omke en muoike yn de waan te litten dat se beide as frijgeselle studint troch it leven gean en alle dagen kolleezje folgje. Mar oft it slagget?

 

Fan Hans Pijpers:

41 Jansen & Janzen, Twee Is Teveel, as Twa Is Tefolle, klucht, 3 manlju, 5 froulju. www.stuft.nl

 

Koarte ynhâld: Jansen & Janzen meie der graach oer dat harren saakjes op oarder binne. Harren âlde hûs is kreas ynrjochte, se binne tige kreas yn de klean en in ôfspraak sille se noait misse. De beide mannen binne kollega’s en hertsfreonen. Se wenje yn itselde appartemint, twa wenningen ûnder ien dak, de tuskenmuorren binne der út, mar de foardoarren binne der beide noch wol. Se meie graach byelkoar wêze, mar dat giet de bûtenwacht neat oan. Se hâlde fan rêst en regelmaat. Ferrassingen, dêr hâlde se net fan. Op de dei dat in libbensgefaarlike ynbrekker út de finzenis ûntsnapt, driget harren kalme libbentsje lykwols yn ‘t hûndert te rinnen. De beide manlju krije harren famkes oer de flier, mar ek de memmen fan Jansen & Janzen komme del. De beide manlju binne bang dat de memmen lilk wêze sille, want se ha fan famke ruile. En dat fine de memmen grif net goed. De memmen ha it hûs finansiere ûnder betingst dat se mei harren oansteanden trouwe sille. De memmen hâlde noch minder fan ferrassingen as harren soannen. De manlju moatte der dus foar soargje dat de memmen neat yn ‘e gaten hawwe.

Koartsein: Jansen & Janzen moatte harren ta it uterste ynspanne om harren libben yn de stringen te hâlden. En dat ûnder it tasjend each fan de nije butler, dy’t in ferrekt soad liket op de ûntsnapte ynbrekker.

 

Fan Harold Pinter:

 

42 The homecoming, as De Thúskomst, 5 manlju, 1 frou. (noch net útjûn)

 

Koarte ynhâld: Max, in widner, leeft mei syn beide folwoeksen jonges, Lenny en Joey, en mei syn broer Sam yn in mannemienskip. In sterke haat- leafde ferhâlding hâldt harren byelkoar. Sam fertsjinnet de kost foar it gesin mei syn baantsje as sjauffeur. Lenny wurket der wat by as sûteneur en Joey is in reedlik goed amateurbokser. Der is noch in tredde soan, Teddy, mar dy is it miljeu ûntgroeid en hat it ta professor skopt oan in universiteit yn Amearika. Teddy is op reis troch Europa en kin it net litte om even thús te sjen. Syn frou Ruth is by him. Ruth is fotomodel west foar’t se mei Teddy troude en se fielt har daliks thús yn it âlde miljeu fan Teddy. As in magneet fielt se har oanlutsen ta de fjouwer manlju, dy’t op har beurt yn har it begearde objekt fan harren lusten fine. Ta syn spyt sjocht Teddy, hoe’t syn heit en broers der yn slagje syn frou yn te palmjen en har oer witte te heljen om by harren te bliuwen. Sy sil de nije kostwinner wurde, op de rêch moat se it jild fertsjinje. Mar se stelt wol easken: in eigen flat, in tsjinstfaam, in garderôbe. Teddy besiket noch om har werom te winnen mei it argumint dat se doch mei him troud is en trije bern hat, mar dat argumint hat net genôch wearde. Net Teddy is thúskommen, mar Ruth. Teddy giet fuort, totaal ûntheistere, wylst Ruth achterbliuwt as de nije hearsker fan it hûs, se sil de mannen ta har slaven meitsje.

 

Fan Wilma Renes - Leertouwer:

 

43 Een Gekkenhuis In 't Ziekenhuis, as In Gekkehûs Yn 't Sikehûs, klucht, 3 manlju, 5 froulju. http://www.toneeluitgeverijvink.nl/

 

Koarte ynhâld: It is in gaos yn it sikehûs. Troch te min plak - fanwege in ferbouwing – wurdt seal 13 yn gebrûk nommen. In ferâldere hok dêr’t gjin fasiliteiten binne. De iene nei de oare ferpleechkundige meldt him siik, en suster Riny moat har sjen te rêden mei de wat froulik oandwaande broeder Ernst – Paul en de sullige, âlde en trage suster Bep. Ut need freget se de beide skjinmaksters, Janny en Ilona, har te helpen as ferpleechsters. Dan rint de seal fol mei pasjinten. Cohen, krekt fan de OK, is – seker it earste bedriuw – gjin drege pasjint. Kuperus is dêrfoaroer in pasjint dy’t in bulte noaten op ‘e sang hat en is faaks ek net de man dêr’t er him foar útjout. Frou Visser is leaf, mar se is sa dôf as in kwartel. En dat is net altyd even maklik. Dêr komt noch by dat se alle trije graach by it rút lizze wolle, en dat soarget foar in bulte opskuor. Gelokkich docht dokter Bouwer mei regelmaat in rûntsje oer seal 13. Mar oft de pasjinten dêr no safolle better fan wurde...?

 

Fan Henk Roede:

 

44 Tante Bella’s Beauty salon, as De Erfenis Fan Muoike Bella, 3 manlju, 6 froulju. http://www.toneeluitgeverijvink.nl/

 

Koarte ynhâld: De muoike fan Albert en Berend is ferstoarn. Albert en Berend ha hjir net al tefolle fertriet fan, want in bân mei muoike hiene se net echt. Sterker noch, eins binne se wol bliid dat muoike der net mear is, want no kinne se ommers erve! En dy erfenis bestiet út in wat yn ferfal rekker beautysalon. Berend is der fan oertsjûge dat dizze salon mei in kwast ferve en in lytse ferbouwing letter foar guod jild te ferkeapjen is. Mar is dat wol sa’n goed plan? De salon soe ûnder de ferbouwing eins gewoan troch draaie moatte, want oars rinne de klanten fansels fuort. En is der wol personiel? Dat is trouwens net it ienige probleem dêr’t de beide broers tsjinoan rinne, want de klanten fan muoike binne net echt de makliksten. En binne de broers wol de ienige erfgenamten? Problemen genôch foar in jûn noflik toaniel en in soad te laitsjen.

 

45 Extra hulp op de eerste hulp, as Ekstra Help Op De Earste Help, 4 manlju, 5 froulju. http://www.toneeluitgeverijvink.nl/

 

Koarte ynhâld: It stik spilet him ôf yn de wachtromte fan in lyts regionaal sikehûs. Dokter Hogebaum is in âlde, nochal ferjitachtige en ôfwêzige dokter. Hy is hast oan syn pensjoen ta mar moat earst syn opfolger noch ynwurkje.

Dan komt Joop fan it útstjoerburo del om as skjinmakker oan de slach te gean. Hogebaum sjocht him lykwols foar de nije dokter oan en dat hat bizare situaasjes as gefolch. Joop krijt aardichheid oan syn baan as dokter en docht dan ek syn stjonkende bêst.

Mar wêr is de echte nije dokter en wat foar soarte fan folk komt der net yn it sikehûs del en mei watfoar klachten? Nella bygelyks, it liket as hat se alle kwalen dy’t mar te betinken binne, wylst har eins neat mankearret. Roel hat in seare tomme, mar hoe is dat sa kommen en is dat de ienige reden dat er delkomt?

Gelokkich is Joke, it haad fan de ferpleging, ien dy’t har mantsje wol stiet. Tegearre mei Annie, de ferpleechkundige, rêdt se mei de deistige saken. Mar hoe komt it at der in ynspekteur fan folkssûnens delkomt en dy driget om de doarren fan it sikehûs te sluten?

 

 

Fan Eric Schneider:

 

46 Tweelicht, as Twaljocht, toanielspul, 2 manlju, 2 froulju. www.stichtingbredero.nl

 

Koarte ynhâld: Bert, Dora, Ben en Suzan wiene yn de tiid dat se op de H.B.S. sieten net byelkoar wei te slaan, mar binne elkoar nei it eineksamen doch kwytrekke. Bert is mei Dora troud en Ben mei Suzan. Op in reuny ha se elkoar wer troffen en ôfpraat dat se mei syn fjouweren op fakânsje sille. It stik begjint at se yn de fakânsjeflat oankomme. Dêr spilet him hiel wat ôf, net allinne komme de moaie dingen út de H.B.S.-tiid nei foaren, mar ek de minder moaie. It wringt frij wat tusken de beide stellen en ek tusken man en frou, de beide eardere kammeraten en kammeraatskes. It docht bliken dat Bert en Dora trouwe moasten, mar dat it bern net fan Bert mar fan Ben wie.

 

Fan Danny Simon:

 

47 The Convertible Girl, as De Bekearlinge, komeedzje, 6 manlju, 2 froulju. http://www.toneeluitgeverijvink.nl/

 

Koarte ynhâld: Christina (Chris) Fernandez hat in ferhâlding mei Ron, in Joadske, âldere man. Se wol graach mei him trouwe, mar hy fersint alderlei ferlechjes, sadat er net trouwe hoecht. Hoewol ‘t er oprjocht fan har hâldt, doart er it nei twa mislearre houliken net oan. At er as reden oanfiert dat syn mem djip religieus is, en dus in houlik net akseptearje sil omdat Chris net Joadske is, beslút se om har te bekearen. Se giet op les en rint alle prosedueres troch dy ‘t by in bekearing hearre. Yn ‘t earst docht se it allinne omdat se dan trouwe kin, mar al gau krijt it Joadske geloof har yn ‘e greep. Op de dei fan har eksamen blykt dat Ron ek nei har bekearing net fan doel is om mei har te trouwen, en at dan ek noch es Ron syn mem opdraven komt, dy ‘t folslein it tsjinoerstelde is fan in âlde, djip - leauwige frou, is foar Chris de maat fol. Se stelt him in ultimatum. Of hy freget har binnen tsien sekonden at se mei him trouwe wol, of se giet foargoed by him wei. Ron kiest, nei in wize libbensles fan syn mem, aaien foar syn jild en freget syn freondinne om mei him te trouwen.

 

Fan Neil Simon:

 

48 Brighton Beach Memoires, as De Memoires Fan Eugene, komeedzje, 1 man, 2 jonges, 2 froulju, 2 famkes. http://www.toneeluitgeverijvink.nl/

 

Koarte ynhâld: Eugene is fyftjin en giet noch nei skoalle. In pear jier ferlyn is syn omke, de man fan de suster fan syn mem, ferstoarn, en doe binne syn muoike Blanche en de beide dochters, Laurie en Nora by harren yn 'e hûs kommen. Dit jout nochal wat spanningen omdat syn heit no dus foar twa gesinnen ynkommen fertsjinje moat. Syn broer Stanley wurket al en eins sjocht hy heech by syn âldere broer op. Dêrby hâldt Eugene ek noch syn memoires by, hy wol letter skriuwer wurde. Hy praat mei syn broer oer fan alles en noch wat, seks, hoe't famkes der neaken út sjogge en noch mear. Omdat Stanley op in kear syn wyklean fergokt en it eins net tsjin syn heit doart te sizzen, rint Stanley fan hûs. Dan rinne de spanningen heech op. Heit krijt lêst fan it hert, muoike Blanche wol mei de beide dochters fuort en op harsels wenje, wat eins net kin omdat se gjin ynkommen hat. Se sil in baan sykje en wol dan de bern oerkomme litte. Stanley komt doch wer thús en seit tsjin syn heit wat der gebeurd is. De frede wurdt tekene en sa kin de húshâlding fierder, no dus sûnder muoike Blanche en de bern.

 

49 California Suite, as Suite Kalifornia, komeedzje, 5 manlju, 5 froulju. http://www.toneeluitgeverijvink.nl/

 

Koarte ynhâld: Dit stik bestiet út fjouwer taferielen mei ferskillende minsken, dy't harren ôfspylje op de keamers 203 en 204 fan it Beverly Hills Hotel.

As earsten binne dêr Hannah en William Warren. Se binne njoggen jier lyn by elkoar weigongen. Hannah is yn New York wenjen bleaun en is no allinne op besite by William om te praten oer de takomst fan harren dochter Jenny. Wat earst in wrang toulûken om in bern liket te wurden, krijt in ferrassende draai at de skerpe, sarkastyske Hannah ta grutte ferwûndering fan William in hiel oare kant fan harsels sjen lit.

 

Marvin Michaels skrikt ‘m de pleuris at er moarns wekker wurdt mei in dronken hoerke by him yn ‘t bêd. Hy hat ‘m fersliept en syn frou kin elk momint oankomme. Hoewol’t er in bysûnder lokkich houlik hat, koe hy foar ien kear de ferlieding net wjerstean, en no sit er dus mei de brokken. Hy besiket it fanke de keamer út te krijen, mar se is sa stomdronken fan de nacht dêrfoar, dat it him net iens slagget om har út it bêd te krijen. Marvin wringt ‘m yn alderlei bochten om foar te kommen dat syn frou der achter komt, mar fertelt har út einlings doch fan syn misstap.

 

Diana Nichols is in aktrise út Londen. Se is hjir tegearre mei har man Sidney om de útrikking fan de Oscars by te wenjen. Se hopet te winnen, mar dat hat de noadige tsjinslaggen. Sa hat se in piperdjoere jurk oan, wêr’t se har net lekker yn fielt, en ek hat se gjin man dy’t op stjerren leit, wat de sjuery posityf beynfloedzje kinne soe. Se krijt gjin Oscar, en at se midden yn de nacht beide stomdronken en segrinich thúskomme, fiert Diana har lilkens en teloarstelling bot op har man. It liket der op dat harren houlik der oan giet. Frustraasjes dy’t jierrenlang ferswijd binne wurde no einlings útsprutsen.

 

Twa stellen dy’t trije wike mei elkoar op fakânsje west binne befolkje as lêsten de suites 203 en 204. At Beth by it tennisjen in blessuere oan de foet oprint, wyt Mort dit oan it gedrach fan harren freonen. De freonen biede harren help oan, mar dit wurdt net bjuster op priis steld. Alle ergernissen fan de fakânsje komme derút, en op ‘t lêst rint de rûzje sa heech op, dat er slein, skopt en sels biten wurdt. Oan ‘e ein fan it stik lizze se alle fjouwer ferwûne en útteld op dokter te wachtsjen.

 

50 Fools, as De Ferflokten, komyske fabel, 5 manlju, 5 froulju.

http://www.toneeluitgeverijvink.nl/

 

Koarte ynhâld: Leon hat in geweldige baan as ûnderwizer oanbean krige yn it idyllyske Russyske doarpke Kulyenchikov. As er dêr oankomt, sjocht er guon minsken dy't de smoargens fan bûten nei binnen feie en oaren dy't miene dat der mear remme yn de molke sit as de ko op de kop molken wurdt. It docht bliken dat Kulyenchikov al 200 jier ferflokt is mei , sa't it liket, ivichduorjende dommens. De wanhopige ynwenners ha de nije skoalmaster oannaam om dy flok te ferbrekken. Se ha der lykwols net by sein dat as it him net binnen 24 oeren slagget, dat er dan krekt sa dom wurdt as sy sels. Werom giet Leon net fuort? Hy is fereale op 'e byldmoaie dochter fan de dokter. Dy is sa dom dat se noch mar krekt wit hoe't se sitten gean moat. Fansels slagget it Leon om de flok te ferbrekken en syn breid te winnen. In bûging foar in mearkeëftige klucht mei wat lompe grappen en mei in rustike moraliteit.

 

51 God’s Favorite, as De Favoryt, komeedzje, 5 manlju, 3 froulju. http://www.toneeluitgeverijvink.nl/

 

Koarte ynhâld: De Favoryt is in bysûnder luchtige bewurking fan it ferhaal fan Job. It stik spilet him ôf op Long Island yn de filla fan in rike, suksesfolle sakeman mei in frou, in “ferlerne soan” en in net al te snoade twilling. Op in jûn krijt de famylje besite fan in “boadskipper fan God” ...as sadanich te werkennen oan in grutte “G” op syn sweater. Us moderne Job wegeret God te fersaken, en dus wurdt er fan ôf dat momint achterfolge troch ûnheil. Syn fabryk baarnt oan de grûn ta ôf, hy krijt alderlei mysterieuze sykten en syn famylje ferlit him. Al dy tiid wegeret hy om syn God te fersaken. At er alles kwyt is, krijt er fia de boadskipper (dy ‘t syn baantsje kwytrekke is) antwurd fan God. De boadskipper jout ta dat er ferlern hat en de ferlerne soan komt wer thús.

 

52 Hotel Suite, as Suite Hotel, komeedzje, 5 manlju, 6 froulju. http://www.toneeluitgeverijvink.nl/

 

Koarte ynhâld: Dit stik bestiet út fjouwer taferielen mei ferskillende minsken, mar se spylje har wol allegear op deselde keamer ôf, te witten suite 402 en 404 fan in hotel yn Londen. It earste taferiel giet oer Diana en Sidney. Se sille nei de priisútrikking fan de bêste akteur en aktrise en Diana hat in nominaasje... Mar se wint gjin priis en is at se thús komme wakker lilk. It twadde giet oer Marvin en Milly, in troud stel. Se sille nei de trouwerij fan de soan fan de broer fan Marvin. Marvin is al fêst foarút reizge omdat er ek noch wat oars te dwaan hie. At er moarns wekker wurd, leit der in jong frommeske yn syn bêd en Milly is op kommende wei. Milly is der earder as dat it frommeske fuort is en dat jout in soad swierrichheden. It tredde giet oer Diana en Sidney, dy't earder man en frou wiene. Hy is biseksueel en mear de homo kant it neist de lêste jierren. Hy wennet al in hiel skoft yn Grikelân. Hy freget Diana om jild foar syn slim sike freon, mar geandewei komt Diana der achter dat it om Sidney sels giet. It lêste taferiel giet oer Norma en Roy, harren dochter Mimsey sil mei Borden trouwe, mar hat har yn de badkeamer opsluten en is foarearst net fan doel om der út te kommen. Heit en mem besykje om de beurt om har te bepraten, mar it slagget net. Dan roppe se Borden derby, dy ropt nei Mimsey dat it tiid is om te trouwen, en dan komt Mimsey der samar út.

 

53 I Ought To Be In Pictures, as Ik Wol By De film, komeedzje, 1 man, 2 froulju. http://www.toneeluitgeverijvink.nl/

 

Koarte ynhâld: Libby har heit Herbert Tucker is fuortrûn doe’t se sawat twa jier âld wie. No is se achttjin en siket him op. Hy skrikt dat se samar ynienen by him foar de doar stiet en wit net wat er mei har oan moat. Moat er syn ûntskuldigingen oanbiede? Moat er sizze dat er fan har hâldt? It is dúdlik dat it ‘heit’ wêzen foar Herbert Tucker net sa maklik is. Mar at Libby op in jûn wat lang weibliuwt sit er yn noed en dat is hy hielendal net wend fan himsels. Syn freondinne Steffy seit dat it dus sa fielt, it ‘heit’ wêzen. Mar dan komt de grutste teloarstelling foar Herbert. Krekt at se wat oan elkoar wend binne seit Libby dat se wer nei hûs giet. Dêr is Herbert hielendal net bliid mei.

 

54 Laughter On The 23rd Floor, as De Show Fan Max Prins, komeedzje, 7 manlju, 2 froulju. http://www.toneeluitgeverijvink.nl/

 

Koarte ynhâld: It is 1953. It team skriuwers fan de Max Prinsshow, in hiele populêre televyzjeshow yn Amearika, komt ûnder druk te stean, at NBC bepaalt dat se minder stjoertiid krije en dat de satire minder bitend wurde moat. Se moatte harren oanpasse oan it grutte publyk. Dat hâldt yn dat it nivo fan de show omleech moat. Max Prins, foar wa ‘t de show syn libben is, rekket yn alle staten, ferheget syn pillen en alkoholkonsumpsje hjirtroch noch mear en giet regelmjittich mei syn skriuwers yn konklaaf om manieren te betinken om NBC werom te pakken.

 

55 London Suite, as Suite London, komeedzje, 6 manlju, 6 froulju. http://www.toneeluitgeverijvink.nl/

 

Koarte ynhâld: Alle 4 taferielen, mei ferskillende minsken, spylje har op deselde keamer ôf, te witten suite 402 en 404 fan in hotel yn Londen. It earste taferiel giet oer Brian en Billy. Billy hat jierren it jild fan Brian, dy't in suksesfol skriuwer is, ûnder syn behear hân, omdat Brian him der net foar ynteressearre. No't de bankrekken fan Brian yn ien kear leech is, ropt hy Billy op it matsje. It twadde taferiel giet oer in mem en in dochter dy't tegearre winkele ha yn Londen. Mem is al jierren widdo en eins wol de dochter har wol keppelje oan in freon dy't ek yn it hotel útfanhûzet. Mem giet wol mei him út mar bycht letter oan de dochter op dat se al in freon hat. It tredde taferiel giet oer Diana en Sidney, dy't earder man en frou wiene. Hy is biseksueel en de lêste jierren mear de homoseksuele kant it neist. Hy wennet al in hiel skoft yn Grikelân. Hy freget Diana om jild foar syn slim sike freon, mar geandewei komt Diana der achter dat it om Sidney sels giet. It lêste taferiel giet oer Mark en Annie. Sy ha kaartsjes foar Wimbledon en it liket allegear tige te slagjen. Oant se op de keamer komme en blykt dat de kaartsjes wei binne. De iene jout de oare de skuld. Annie rint lilk fuort en it sjit Mark yn de rêch. Hy kjirmet it út en Annie is der net om him te helpen. Der komt in dokter by, mar dy sjit it ek yn 'e rêch. By einbeslút fynt ien de kaartsjes, mar se ha der neat mear oan omdat Mark op bêd bliuwe moat fanwege de rêch.

 

56 Lost In Yonkers, as Ferdwaald Yn New York, komeedzje, 3 manlju, 3 froulju, 2 jonges 13/16 http://www.toneeluitgeverijvink.nl/

 

Koarte ynhâld: New York, 1942. Beppe Kurnitz wennet mei har dochter Bella fan fiifentritich, dy’t yn har ûntwikkeling wat achterbleaun is, yn in komfortabel appartemint. At it stik begjint stiet Eddie, har soan, mei har beide beppesizzers, Arty en Jay, by har foar de doar. Eddie sit djip yn de skulden en moat in lange reis meitsje om jild fertsjinje te kinnen. De jonges komme dêrom foar langere tiid by Beppe en harren muoike Bella útfanhûs. Beppe is in hurde, strange frou, Bella hat in geheime leafde. Noch in oare muoike, Gert, praat frjemd, en omke Louie blykt in gangster te wêzen. Geandewei komme de jonges der achter dat it gesin wêryn ‘t harren heit grutbrocht is, emosjoneel totaal ferknipt is. Sy binne mar tydlik ferdwaald yn New York, de rest fan de grappige, drôvige famylje liket it paad definityf kwyt te wêzen.

 

57 Proposals, as Oan 'e Ein Fan 'e Simmer, komeedzje, 5 manlju, 4 froulju. http://www.toneeluitgeverijvink.nl/

 

Koarte ynhâld: Burt Hines, dy’t in hertkwaal hat, bringt mei syn dochter Josie en syn húshâldster Clemma foar de lêste kear de simmer troch yn syn twadde húske yn Pennsylvania. Hy hat al ferskate hertoanfallen achter de rêch en gjinien hat dan ek de yllúzje dat er noch lang libje sil. Josie nimt dit har mem kwea ôf, omdat sy tinkt dat de hertoanfallen feroarsake wurde troch in brutsen hert. At har mem op fersyk fan Burt it wykein útfanhûs komt, ferwyt Josie har in kâld spultsje mei har eks - man te spyljen, mar de werklikheid is wol wat komplekser. Yn itselde wykein komme der ek noch wat potinsjele houlikskandidaten del foar Josie, en Clemma, dy’t foar dit hieltyd grutter wurdende selskip it iten organisearje moat, wurdt konfrontearre mei de man dy’t har sân jier ferlyn sitte litten hat. Doch hat se nettsjinsteande de drokte de tiid om Josie, dy’t se as in dochter beskôget, it setsje te jaan dat noadich is om it mei har mem yn ‘t lyk te breidzjen.

 

58 Rose's Dilemma, as It Dilemma Fan Rose, 2 manlju, 2 froulju. http://www.toneeluitgeverijvink.nl/

 

Koarte ynhâld: Yn har lúkse filla oan it strân fan East Hampton stiet skriuwster Rose Steiner op in kearpunt yn har leven. Se hat al jierren neat mear skreaun en har jild rekket op. Har eardere frijer, de literêre reus Walsh McLaren, biedt har – fan út syn grêf – de kâns miljoenen te fertsjinjen. In boek moat ôfmakke wurde, dan is se ryk. Dat sil net maklik wêze en se moatte der in spokeskriuwer foar brûke. Dy is net maklik te finen. Rose mei de kandidaat, Gavin Clancy, dêr’t Walsh mei oankomt, net snuven hearre. Mar it boek sels ôfmeitsje kin se ek net. Hoe moat it dan? Dit is in oandwaanlik, grappich, romantysk en ûnfoarstelber toanielstik, skreaun troch Amearika’s favorite skriuwer fan blijspullen en winner fan de Pulitzerpriis.

 

59 Rumours, as Praatsjes, klucht, 5 manlju, 5 froulju.

http://www.toneeluitgeverijvink.nl/

 

Koarte ynhâld: Fjouwer stellen bin útnoege op it tsien jierrich houliksfeest fan harren freonen, de loko-boargemaster fan New York en syn frou. It feest giet net troch, want de jubilaris hat himsels foar de kop sketten (it is mar in lichte ferwûning oan it ear) en syn frou wurdt fermist. Syn advokaat beslút dat it net ferstannich is om de saak útlekke te litten (hoewol ‘t er gjin idee hat fan wat er him no eins werklik ôfspile hat) en it iene ferlechje lokket wer in oare leagen út. De saak wurdt hieltyd yngewikkelder nei dat er mear gasten komme. Op ‘t lêst wit gjin ien mear wa ‘t by wa no hokker ferhaal op ‘e mouwe spjelde hat en wêrom. It falt te begripen dat de gasten op ‘t ein fan de jûn in bytsje trochdraaid en oan reapsein binne.

 

60 The Gingerbread Lady, as In Doaze Fol Krommen, toanielspul, 3 manlju, 3 froulju. http://www.toneeluitgeverijvink.nl/

 

Koarte ynhâld: Nei 3 moanne fan ôfwennen yn in tehûs foar alkoholisten komt Evy wer thús yn har eigen flat. Har freondinne Toby hat har ophelle. Thús oankommen is dêr Jimmy om har wolkom te hiten, mei blommen en iten yn 'e hûs. Beide binne tige besoarge. Evy is senuweftich "Ik hie sa de pest oan dy ynrjochting, dat ik lúsjefers opgarre om de boel yn 'e brân te stekken, mar doe't ik fuort koe, doarst ik net, ik fielde my dêr ynienen sa lekker thús". Evy rekket min of mear yn panyk as se sûnt moannen wer allinne is. Toby moat nei in sakediner mei har man Martin. Jimmy nei in audysje, hy is akteur. Dan stiet ynienen har dochter Polly foar de doar, mei in koffer, se wol wer by har mem wenje en dêr studearje. Dizze Polly bliuwt har mem stypjen, ek al sakket se werom yn har âlde kwaal. Evy tsjin Polly: "At ik grut bin, wol ik krekt sa wêze as do". In realistysk stik oer relaasjes, dêr't de iensumens fan de 43-jierrige Evy sintraal yn stiet, benammen har langstme nei eigen, echte freonen. In prachtich stik, mei moaie, dúdlike rolfigueren.

 

61 The Good Doctor, as In Goede Dokter, komeedzje, 5 manlju, 5 froulju. http://www.toneeluitgeverijvink.nl/

 

Koarte ynhâld: It stik bestiet út twa bedriuwen mei elk 6 sênes. In skriuwer fertelt oer syn ideeën hokker at er faaks noch wol ris op papier sette wol. Hij spilet sels yn ferskate sênes mei en jout kommentaar. It dekor is net sa dreech, it kin gewoan yn gerdinen spile wurde. Allinne wat lytse dingen om de lokaasje oan te jaan binne noadich. Der binne 9 manlju 's en 11 froulju 's rollen, mar mei dûbeljen kin it spile wurde troch 5 manlju en 5 froulju. Om der achter te kommen wêr't de sênes oer hannelje kin men it mar it bêste gewoan lêze. It is wol wer ris hiel wat oars, foar in ploech dy't ek echt ris wat oars wol!

 

62 The Last Of The Red Hot Lovers, as Lestige Leafde Op ‘e Lette Middei, komeedzje, 1 man, 3 froulju. http://www.toneeluitgeverijvink.nl/

 

Koarte ynhâld: Barney Cashman is sânenfjirtich jier en hat him de lêste trijentweintich jier hâlden en droegen as in treflike heit en man. Hy wol lykwols ek wol es de fruchten plukke fan de seksuele revolúsje, en noadicht achter elkoar in oan roken, drinken en seks ferslaafde frou, in flipte, wurkleaze nachtklupsjongeres en de depressive frou fan syn bêste freon út yn it appartemint fan syn mem. It slagget him net om mei ien fan dizze trije froulju yn bêd te bedarjen. Alle ôfspraken rinne dea yn einleas gepraat, en tsjin de tiid dat er genôch ûnderfining opdien hat om in frou te fersieren, bliuwt er noch mar ien frou oer dy’t er útnoegje kin: Thelma, syn eigen frou.

 

63 The Odd Couple, as In Frjemd Stel, (froulju ‘s fersy) komeedzje, 2 manlju, 6 froulju. http://www.toneeluitgeverijvink.nl/

 

Koarte ynhâld: It appartemint fan Olive Madison is it plak wêr ‘t in groep freondinnen elke freedtejûn byelkoar komme om Triviant te spyljen. Olive is skieden en liket har, ôfsjoen fan it feit dat se neat op oarder hat, redelik goed allinnich rêde te kinnen. At ien fan de freondinnen, Florence Unger, ek skiede sil, noadicht Olive har út om salang by har te wenjen. Alle freondinnen, ynklusyf Olive sels, bin nammentlik bang dat Florence de skieding net oan kin en rare dingen dwaan sil. Gruttere tsjinpoalen as Florence en Olive binne der net, en it duorret dan ek net lang as de bom barst tusken it neuroatyske kasplantsje Florence en de rommelige, stoere Olive. De direkte oanlieding hjirta foarmje de twa Spaanske broers dy ‘t yn it selde gebou wenje. Olive hat har sinnen op de beiden manlju set, mar wurdt hjiryn danich dwers sitten troch Florence. Ut einlings is by Olive de maat fol en se set Florence derút. Hoe kin it ek oars as dat Florence no leafdefol opnommen wurdt troch gjinien minder as... de beide Spaanske broers. Dit is de froulju ‘s fersy fan de ferneamde, en ek ferfilme komeedzje fan Neil Simon, grôtfol izersterke dialogen.

 

De manlju's ferzje fan The Odd Couple is oersetten troch Tryntsje van der Zee as: In Nuver Stel, komeedzje, 6 manlju, 2 froulju. http://www.toneeluitgeverijvink.nl/

 

64 The Prisoner Of Second Avenue, as Finzen Op Fjirtjin Heech, komeedzje, 2 manlju, 4 froulju. http://www.toneeluitgeverijvink.nl/

 

Koarte ynhâld: Mel sjocht it net mear sitten. Hy is syn baan kwyt en fjochtet as in dwylsinnige tsjin de dingen dy’t der om him hinne gebeure. De luchtfersmoarging hat alle planten op syn balkon fermoarde; de muorren fan syn appartemint bin sa tin dat it leafdesleven fan de beide Dútske stewardessen neist him in iepen boek is, en syn appartemint wurdt leechstellen at syn frou even nei de winkel is. Syn psychiater giet dea wylst er foar de man syn konsulten al 23000 dollar delteld hat. Wat dogge je yn sa’n gefal. Je krije in senuwynsinking. En dat oerkomt Mel dus ek. Mar tegearre mei syn frou Edna sil Mel fjochtsjen bliuwe tsjin de delgong fan de maatskiplike wearden.

 

65 The Star-Sprang led Girl, as It Fanke Fan Hjirneist, komeedzje, 2 manlju, 1 frou. http://www.toneeluitgeverijvink.nl/

 

Koarte ynhâld: Andy en Norman jouwe tegearre it tiidskrift “Fallout Magazine” út. Norman skriuwt de teksten, Andy is de útjouwer en soarget foar de abonneminten. Allinne rint it net sa bêst. Se ha grutte jildsoargen en ek ha se al yn gjin tiden de hier betelle. Dêrom moat Andy ‘ferplicht’ hast alle  jûnen mei de húsbaas út, frou Mackininee. Dan komt der in moaie jonge blom (Sophie) yn it appartemint neist harren te wenjen, wêrtroch ‘t alles feroaret. Mei Norman is gjin lân mear te besilen sûnt se dêr wennet. Hy skriuwt net mear en rjochtet syn hiele libben op har yn, alhiel tsjin de sin fan Andy fansels. Norman rjochtet sels de teleskoop dy’t op harren keamer stiet op it rút fan Sophie, sadat neat him ûntkomt. Dit rint fansels út op bargebiten, want Sophie is al ferloofd en sil meikoarten trouwe mei Luitenant Burt Fenneman. Dan blykt dat Sophie har lichaamlik oanlutsen fielt ta Andy. Krekt at se elkoar de earste tút jouwe, komt Norman deryn. It draait út op fjochtsjen. Dêrnei ha se beide in seare earm en giet Sophie werom nei wêr’t se weikommen is. Mar net echt. By eintsje beslút gean se mei syn trijen fierder mei it útjaan fan “Fallout”.

 

66 The Sunshine Boys, as De Come-back Fan De Sunshine Boys, komeedzje, 4 manlju, 1 frou mar kin ek wiksele wurde. http://www.toneeluitgeverijvink.nl/

 

Koarte ynhâld: In eks-vaudeville-team, Louis van Os en Willy Bogaard libje al jierren op foet fan oarloch mei-inoar, ek al ha se tegearre 43 jier oanien sketskes dien foar de radio. As in televyzje - stasjon in retrospektive meitsje wol oer de revu's fan eartiids, wurdt harren frege om tegearre noch es wer de ferneamde "dokterskets" te dwaan. Willy Bogaard hâldt him de lêste tiid dwaande mei it ynsprekken fan reklameboadskippen en Louis van Os docht it noflik kalm - oan op syn âlde dei. Der moat dan ek fan alle kanten gâns op 'e hearen ynpraat wurde om harren ta gearwurkjen te krijen. Lang om let slagget dat al, mar dan komme ek âld sear en skeel wer boppe.

 

67 45 Seconds From Broadway, as Op Wei Nei Rom, komeedzje, 6 manlju, 6 froulju. http://www.toneeluitgeverijvink.nl/

 

Koarte ynhâld: Bernie en Zelda driuwe al jierren mei hert en siel in teater - kafee yn it Broadway Teater Distrikt. Gol en gastfrij lette en sette se harren gasten en stimulearret dyselden dy’t in goai dwaan wolle nei de ivige rom. Yn harren bar – restaurant komme de meast útinoar rinnende figueren, dy’t allegear harren winsken en dreamen koesterje. De Súd-Afrikaanske Soloman Mantutu hopet bygelyks in bekend skriuwer te wurden, en Megan Woods is fan doel as aktrise yn it fuotspoar fan har mem te treden, mei dit ferskil, dat sy hopet wol troch te brekken as aktrise. De eksintrike Rayleen en har swijsume partner Charles komme ek geregeld wei yn it restaurant en de bekende komyk Mickey Fox fiert der syn saaklike besprekkings. Hy is oan it kafee ferslingere, dat neat ha moat fan glamour en opkloppe hip gedoch. Mar alle gasten ha sa wol harren redenen om harren oan dit bysûndere plakje yn it Broadway Distrikt te hechtsjen.

 

Fan Ineke Swanevelt:

 

68 Hou Je Van Me, as Hâldsto Fan My, 4 froulju, net hielendal jûnfoljend, sawat 90 minuten. www.stuft.nl

 

Koarte ynhâld: It kluphûs fan in tennispark. Trije freondinnen flechtsje foar in ûnwaarsbui.  Al rillegau sitte se oan de wite wyn en komme de tongen los. Ien fan harren fertelt oerémis dat sy en har man einlings by elkoar wei sille nei dat harren houlik op in dea spoar bedarre is. It frije leven lokket! Har man reizget mei syn nije flam foargoed ôf nei Amearika.

Mar dan stiet de nije flam ynienen foar harren noas. De reis is op it lêste momint ôfblaasd. De reden dêrfan wurdt stadichoan dúdlik. Oanwakkere troch de drank komme, ta ferbjustering fan de oaren, amoereuze ferhâldingen oan it ljocht. Gefoelens binne as in toverbal, soms read fan lilkens, soms blau fan berêsting, dan wer grien fan jaloezy. Leafde, lef en leagens wikselje elkoar ôf. Wat is der nei hjoed noch oer fan de freonskip?

 

Fan Het Volk:

 

69 Een Zomerjurk Vol Verdriet, as In Simmerjurk Fol Fertriet, trije froulju spile troch trije manlju. www.toneelcentrale.nl

 

Yn dizze foarstelling wurde trije froulju spile troch trije manlju. Dit gebeurt lykwols net as soene it travestiten wêze, mar op in sobere en serene manier. Gjin oerdiedige make-up, gjin hege stimmen, gjin skearde fuotten en earmen. It man wêzen wurdt dus op gjin inkele manier kamûflearre en ûntkend. Aaf, Riet en Beppie (alias Plúske) Eggert binne trije susters fan wa’t it paad fan it libben bepaald net oer roazen gongen is. Se hawwe elkoar sûnt lang net sjoen. In resint besykjen fan Aaf om harsels tekoart te dwaan is de reden fan dit nije wersjen. Harren moeting is yn de kapelanij fan it doarpke Boersterhikke, dêr’t de âldste (Aaf) fan ôf har santjinde jier as húshâldster fan de doarpskapelaan har dagen slyt.

 

70 Het Laatste Kievitsei, as It Lêste Ljipaai, 3 manlju www.toneelcentrale.nl

 

Trije healbroers wurde troch it hommels ferstjerren fan harren mem sûnder meilijen op harren sels weromsmiten. Nije fisys en bespegelingen binne needsaaklik om de grutte leechte yn harren leven oan te kinnen. Oft dit de trije tamtearre manlju slagje sil, is noch mar de fraach. Harren ynset is lykwols optimaal, mar harren naïve takomstfisy en de trivialiteit fan alle dagen, driigje harren poatsje te lichten. Wylst it radiotastel syn treasteleaze deuntsjes spilet, boazet yn de húskeamer de tsjustere roffel fan it needlot oan.

 

71 Nooit meer dansen, as Noait mear dûnsje, 3 manlju www.toneelcentrale.nl

 

Koarte ynhâld: It ferhaal fan menear de Ridder, de man dy’t nei in leven fol teloarstellingen al syn kaarten ynset hat om noch ien kear te skitterjen yn in troch him sels betochte koreografy. Mei klassyk ballet as ekspresjemiddel yn in ultym besykjen om syn bestean weardich ôf te sluten. Yn dit oprjochte stribjen wurdt hy holpen troch twa profesjonele begelieders fan selsmoardburo Nirwana, dy’t him yn de koartst mooglike tiid klear sjogge te stomen foar de Danse macabre. De tiid driuwt, de premjêre komt rap tichter by, mar by de begelieders groeit de twivel. Kin ien yn ien klap in ferlern leven goedmeitsje? Kin der op it lêste momint uberhaupt noch sin jûn wurde oan in mislearre bestean? Syn kapasiteiten binne lykwols beheind, mar de ynset is grut en de tarieding treflik. No allinne dat ferdomde ein noch!

 

72 Vlegeljaren, as Skoeljes, 3 manlju www.toneelcentrale.nl

 

Koarte ynhâld: Skoeljes biedt it publyk in ynsjoch yn de jongessiel fan de jierren fyftich yn de foarige ieu. De jonges hawwe alle trije sa harren ferlangen en fisy op de realiteit. Harren wrâldbyld ken noch in dúdlike skieding tusken goed en kwea. Se besykje mei harren jongesferstân te betinken hoe’t it yn de wrâld fan de grutte minsken wêze sil en nimme harren foar om goed te ûnthâlden wat se belibje, want dizze tiid komt noait wer werom.

 

73 Oidipoes, (nei Sophocles) as Oydypoes, 3 manlju, 2 froulju. www.toneelcentrale.nl

 

Koarte ynhâld: Wa ken net it ferhaal fan de ta mislearjen kearde Oydypoes, as bern foar dea achterlitten en as man de dierbere hearsker oer Thebe. In kening waans ryk bloeit sa’t it noch nea bloeid hat, oant de goaden it wol goed fine en mei de ferneatigjende pest dea en ferdjer siedzje. Oan Oydypoes de opdracht om syn ûngelokkige folk fan de ûndergong te rêden. Ek at it syn eigen ûndergong betsjut. En dy blykt net ôf te kearen...

Sa’t jo fan Het Volk wend binne, giet ek de fertolking fan dit Grykske drama beslist net fan in laaien dakje. Jo binne warskôge.

 

Fan Michaël Vukadinovic:

 

74 Misconceptions, as De Iene Leagen Is De Oare Net, komeedzje, 1 man, 3 froulju. http://www.toneeluitgeverijvink.nl/

 

Koarte ynhâld: Twa susters dy't by elkoar ynwenje, Claire en Dora, binne yn alles elkoars tsjinpoal. Dat docht ek wer bliken op de jûn dat dit stik spilet. Claire is nei in begraffenis west en Dora nei in brulloft. Dora kleit dat se op it feest gjinien tsjinkommen is, mar Claire lykwols is op de begraffenis in âlde leafde, Piter, tsjin 't liif rûn. De susters binne lekker oan 't bekfjochtsjen at Piter bellet dat er Claire dyselde jûns noch sjen wol. Claire strûpt hastich wat oars oan om der goed út te sjen at Piter komt. Mar earst komt lykwols harren eksintrike mem ûnferwachts en let op 'e jûn op besite, om, sa't se seit, in goed stik fleis foar harren te brieden. De beide susters dogge oars neat as elkoar min meitsje tsjinoer mem. Dora seit bygelyks dat Claire swanger is, mar ynstee fan dit te ûntkennen, seit Claire dat it wier is, allinne om har suster ôf te troevjen. At Piter komt makket mem dêr út op dat hy de heit is. De iene leagen nei de oare, in grut tal misferstannen en in frjemde gearrin fan omstannichheden foarmje de basis foar dizze fleurige komeedzje.

 

Fan Christa Warmerdam:

 

75+76        Aanraders, as Oanrieders, komeedzje, 4 manlju, 6 froulju, www.toneelcentrale.nl

is ek beskikber foar 5 manlju en 7 froulju. www.stuft.nl

 

Aktrise Vera is troud mei Mark. Se ha ien soan, Martijn. Vera fertsjinnet, neist har wurk as aktrise, in bulte jild mei oandielen. Mark sit al jierren sûnder wurk. Hy seit sels dat er filmprodusint is, mar hy hat mar ien film makke en dat is in flop wurden. De film is makke mei it jild dat Vera fertsjinne hat mei de oandielen. Paula, freondinne fan Vera,  wennet by harren yn om by te kommen fan de skieding en sit meast depressyf op de bank. Vera wurket tefolle, Mark drinkt tefolle. It is it jier 2008, krekt foar de finansjele krisis. It liket as is jild net belangryk.

 

77 Geen Dag Spijt, as Gjin Dei Spyt, komeedzje, 3 manlju, 3 froulju. www.toneelcentrale.nl

 

Koarte ynhâld: Kim is krekt by de man wei en wennet foar ‘t earst fan har leven allinne. Mar de rêst dy’t se siket fynt se net. Suster Laura, mem Sophie en bêste freon Dennis komme te pas en te ûnpas troch de doar. Laura en Sophie meitsje har drokker oer de dwaze dagen fan de Bijekoer as oer wat him ôfspilet yn it leven fan Kim. Tim, in freon fan Dennis, komt ek del en lit net allinne fan de froulju de herten hurder klopje, mar ek dat fan Dennis. Mar foar wa kloppet Tim syn hert eins hurder?

 

78 Glimmen, as Fryske Peallen, komeedzje, 3 manlju, 4 froulju. www.toneelcentrale.nl

 

Koarte ynhâld: Fjouwer froulju sille foar de gesellichheid in wykein nei Grins. Underweis hâldt de auto der mei op en bedarje se yn in âld ferrinnewearre hotel. Se sille dêr de nachts bliuwe moatte want de wegewacht komt pas de oare deis. De man achter de resepsje swijt allinne mar en liket sa út in grizelfilm te kommen. At ien fan de fjouwer wat út de auto helje sil en net weromkomt, wurde de oaren ûngerêst. In twadde giet op ‘e siik. De oare beide drinke harren moed yn. De earste beide blike gizele te wêzen en komme mei de gizelnimmers werom yn it hotel.

 

79 Hetty, as Hetty, komeedzje, 3 manlju, 5 froulju. www.toneelcentrale.nl

 

Koarte ynhâld: Aktrises kinne net sûnder publyk. En seker Hetty net. Oait wie se in ferneamd aktrise fan it “grutte toaniel’. Mar de lêste jierren hat se muoite om de teksten deryn te krijen en deryn te hâlden. Se sjocht dan ek dat “har rollen” nei de jongere generaasje gean. Yn in wrâld dêr’t jong en moai regearret is it swier om te oerlibjen. Hetty wegeret om dit te akseptearjen. Hetty is in komeedzje fan diva’s en nochtere minsken. By elkoar lâns prate en it akseptearjen dat sels in aktrise âlder wurdt.

 

80 Scherven, as Diggels, komeedzje, 3 manlju, 3 froulju of 2 manlju, 4 froulju. www.toneelcentrale.nl

 

Koarte ynhâld: Tegearre skriuwe oan ien fan de populêrste soaps op televyzje, it liket in ideale baan foar it troude stel Hans en Sabine. Mar sels de ideale baan kin saai en rûtine wurde. Sabine dreamt dan ek fan in eigen roman. Tiid is der net en de ynkomsten fan de soap kinne en wolle se net misse. De produsint, de aktrise en Do, de buorfrou mei “spesjale krachten”, spylje in grutte rol yn it hiele gebeuren. Dizze komeedzje giet net allinne oer de gaoatyske wrâld fan de soap, mar ek oer relaasjes. Of, sa’t Do seit: “It echte libben is soms noch spannender as in soap”.

 

81 Vissen, as Fiskje, komeedzje, 4 manlju, 4 froulju. www.toneelcentrale.nl

 

Koarte ynhâld: At elkenien om je hinne dominant is, is it maklik om in tinkbyldige freon te hawwen. Dêr kin je dan sa no en dan de baas even oer spylje. Dennis is fjirtich en hat in galery. Hy is gelokkich mei syn tinkbyldige freon  Tom. Mar sels tinkbyldige freonen kinne opstannich wêze en fuortgean. At Dennis de nije freon fan syn mem kennen leard liket alles op syn plakje te fallen. Fiskje is in komeedzje mei in soad humor en soms in gefoelige noat.

 

82 Fan Wannie de Wijn:

 

Amateurs!, as Amateurs! Komeedzje, 4 manlju, 3 froulju. www.toneelcentrale.nl

 

Koarte ynhâld: Sân akteurs krûpe yn de hûd fan de amateurspilers fan “Toanielploech Sân”. De toanielploech mei einlings repetearje yn de grutte seal fan de skouboarch. Om it nivo omheech te heljen, ha se foar dizze foarstelling in profesjonele regisseur ynhierd. De sfear wurdt oanienwei nerveuzer, der is net folle tiid mear oant de premjêre, de regisseur wurdt ûngeduldiger, kostúms binne net ôf, der is gjin dekor en wa docht no eins presys wat? En wat sit der hieltyd mei it ljocht om te kloatsekjen, wannear komt Joop en wa docht it mei de regisseur, en wa net? Allegear fragen dêr’t noch in antwurd op komme moat, foar de jûn fan de premjêre.....

 

83 De Goede Dood, as De Goede Dea, trageedzje, 4 manlju, 2 froulju. www.toneelcentrale.nl

 

Koarte ynhâld: Bernhard hat longkanker en is terminaal. Mei syn freon en húsdokter Robert binne der ôfspraken makke oer it beëinigjen fan syn libben. De tiid driuwt en Bernhard syn freondinne, Hannah, hat tasein dat se de famylje op de hichte bringe sil. Dat docht se ek wol, mar ien broer fan Bernhard, Michael, bellet se net. Yn ‘t ferline binne Michael en Hannah in stel west. Dat is misrûn en doe is Hannah dus by Bernhard bedarre. Michael sit no foar syn wurk yn Sina. Sammy, de dochter fan Bernhard út in earder houlik, bellet Michael wol. Michael stiet ûnferwachts op de stoepe, teminsten foar Hannah. En Michael fertrout de saak net. Wol Bernhard wol echt dea? Is er wol sa siik as at Hannah en Robert sizze? Is Hannah soms op de erfenis út?

Copyright © 2009-2017 van de Rombade  * Alle rechten voorbehouden *  Webdesign en onderhoud Jol@nda Weijers